Ulfardastate

Ut Wikipedy
De pleats yn 2010

Ulfardastate wie in state benoarden Hantumhuzen yn de gemeente Dongeradiel. Fan it hûs is neat werom te finen, op it hiem stiet yn 2010 in pleats.

Nei alle gedachten waard de state stifte yn de 14e iuw. Yn de 13e iuw wurde al wol oansjenlike ynwenners fan Hantumhuzen neamd; sa wienen om 1200 in Hessel en Wibrand fan Hantumhuzen besibbe oan de Ljouwerter eallju Jelgera fan Jelgerhûs en Cammingha fan Cambuur. Begjin 15e iuw wurde Thiallama huse en Ulfarda huse neamd, tagelyk mei Jield Elingha, dy't grif op Elinga wenne. Oare aadlike huzen wienen Popta en Rintjema. Yn 1664 waard ek Banga (FC1) as edele state oanjûn, mar in stins of midsiuwsk aadlik hûs wurdt dêr net neamd.

Tagelyk mei Thiallamahuse waarden yn 1423 'Ulfarda huse' en de wyls ferstoarne Ritzeke Ulfarda neamd. Yn 1511 en 1640 wie Ulfarda in eigenierde pleats. Yn 1698 blykt it yn hannen te wêzen fan de bern/erven fan dr. Ritske fan Ripama en Lieukjen Jelger Anes. It besit sil grif út har family komd wêze. Lieuckien Jelgers (de stavering wikselt frijwat) wie in dochter fan de burger hopman Jelger Anes by Geertie Gerryts (it pear wie yn Dokkum 29 maart 1634 foar it gerjocht troud). By de ynventarisaasje fan syn stjerhûs waard Egbert Anes Itskama beneamd as voormond oer Lieukien en Ane Jelgers; Eysse Hanses Wenth wie man en foud fan Trijntie Jelgers. Deselde erfgenamten fan Jelger Anes kamen op 22 april 1664 opnij foar, nammentlik Aene Jelgers (oer him Gerrijt Gerrijts âld boargemaster, as bestefaar en kurator), Mr. Eiso Wendt as heit oer syn soan Jelger by wilen Trijntje Jelgers, en hopman Ritsco Rijpema troud mei Lieuckien Jelgers. Noch gjin twa jier letter blykt al ?? fan wilen Dr. Ritsco Ripama, abbekaat en prokureur; kurator wie Pijter Gerryts Olpherda. Lieuckiens broer Aene Jelgers schriver van 't breedstraatster espel ferstoar jong; syn ynventaris waard op 11 maart 1674 opmakke op fersyk fan Pieter Gerryts Olpherda, troud mei Gertie Eilerts. De erfgenamten binne "de bern" fan Dr. Ritske Ripema en Leuckien Jelgers.

Yn 1850 waard it goed as Olphert zathe neamd. In stins wurdt net neamd en bysûndere skaaimerken as grêft of in poarte binne net beskreaun. Ek Eekhoff jout yn syn atlas gjin grêft of singel. Op de topografyske kaart fan 1930 is lykwols al in grêft oanjûn en oan de noard- en eastside in diel fan in singel.
Anno 2010 is it bedriuw bûten de grinzen fan it âlde stateterrein groeid, mar oan west- en noardside liket noch in grêft oanwêzich.

Eigeners/bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ritzeke Ulfarda
  • 1640 Sybe Anes
  • foar 1698 dr. Ritske fan Ripama en Lieukjen Jelger Anes
  • 1698 Andries fan Heuven, Gerlof Aebes Smedingh en Livius Ripema
  • 1728 Lieuwe Rijpma (=Livius Ripema) en syn nicht Lieucke Encudides
  • 1832 Oeds Petrus Waller

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N.Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • P.J.C. Elema en R. van der Ley - Rijpma, een Fries-Groningse familie
  • Jan Leemburg - Genealogie Gerrijt van Belcum
  • Hisgis