Ulbe Twijnstra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oaljefabryk fan Twijnstra yn 1905

U. Twijnstra's Oaljefabryk N.V., ek bekend as UT út Hendrix UTD is yn 1887 ûntstien doe’t Ulbe Twijnstra de oaljemole De Eendragt yn Akkrum kocht. Dizze oaljemole produsearre oalje en lynkoeke. Dizze lynkoeke is de pulp dy’t oerbliuwt nei it parsen fan de oalje en kin as feefoer brûkt wurde. Op dizze manier wienen oaljemolens ( en sa ek UT )op twa merken aktyf. Inkele jierren nei de oankeap fan de oaljemole yn Akkrum waard ek in oajemole yn Frjentsjer. Yn 1921 waard der nei in tiid fan groei in oaljemole yn Maarssen kocht en de lytse oaljemole yn Frjentsjer fan de hân dien.
[1]<
Om te profitearjen fan it mei-inoar ynkeapjen fan grûnstoffen waard der yn 1930 in gearwurking oangien mei it ynternasjonale bedriuw Unilever. De bestjoersfoarsitter fan UT, Tjeerd Jacob Twijnstra hie fan 1932 oant 1933 ek in liedingjaande rol by Unilever.
[2]<
Yn it begjin helle UT de measte ynkomsten út de oalje. De ekonomyske resesje yn Nederlân yn de jierren 50 soarge foar in omslach by UT fan plantaardige oaljeslaggerij nei mingfoerfabrikant. Under T.J. Twijnstra groeide U. Twijnstra's Oaljefabryk NV út ta ien fan de grutste feefoerfabriken fan Nederlân. Yn 1963 fusearre UT mei de mingfoerôfdieling fan NV Oaljefabriken Calvé-Delft oant U.T.-Delfia BV (UTD). NV Oaljefabriken Calvé-Delft wie oant dan ûnderdiel fan Unilever.
De karakteristike grutte UTD-silo yn Akkrum is yn 2003? delhelle.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels