Ulaangom
| Ulaangom Улаангом |
||
| Sintrum Ulaangom | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 22.320↓(2008) | |
| Hichte | 931 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Mongoalje | |
| Provinsje | Uvs | |
| Oar | ||
| Stifting | 1686 (wierskynlik) | |
Ulaangom (Mongoalsk foar 'Reade delling') is in stêd yn Mongoalje en is it haadplak fan de provinsje Uvs. It plak leit 26 km súdwestlik fan de mar Uvs Nuur oan de foet en skaente fan de berch Kharkhiraa, 120 km besuden de grins mei Ruslân en 1300 kilometer westlik fan de haadstêd Ulaanbaatar.
Ferfier [bewurkje seksje]
Ulaangom is mei in grutte dyk ferbûn mei de Russiske grins en ymportearret syn elektrisiteit fan de Russyske Federaasje. Der is in fleanfjild, Ulaangom Airport (ULO), mei in direkte ferbinig mei Ulaanbaatar, fersoarge troch de fleanmaatskippijen Aero Mongolia en Eznis Airways. Fan Ulaangom wei kinne gjin flechten nei oare plakken yn it lân makke wurde.
Klimaat [bewurkje seksje]
Ulaangom hat in kâld heal-droech klimaat mei lange, droege, tige kâlde winters en koarte waarme oant hjitte simmers. De jierlikske delslach is trochstrings 130 mm. Ulaangom is ien fan de meast kâlde plakken yn Mongoalje. Temperatueren kinne winterdeis nei −50 °C of mear sakje en yn de simmer kin it +43 °C as heger wurde.