Springe nei ynhâld

Uilke Boonstra

Ut Wikipedy

Uilke Boonstra (Huzum, 9 jannewaris 1899Kamp Vught, 18 augustus 1944) wie in Fryske boukundige en fersetsman.

Uilke Boonstra wie in soan fan sigaremakker Sijtze Boonstra en tsjinstfaam Anskje IJlst en wenne op De Jouwer. Uilke Boonstra wie op de Jouwer boukundich opsichter by de gemeente Haskerlân. Hy krige mei syn frou Anna Klijnsma twa bern.

Uilke Boonstra rekke mei syn freon en waskerij eigener Sjoerd Wiersma yn it ferset troch de opfang fan joaden. Sûnt 1942 giene se in pear kear wyks nei Amsterdam om ûnderdûkers op te heljen. Om oan bonnen te kommen besleat Boonstra in knokploech op te rjochtsjen. Op 10 septimber 1943 sloech de groep syn slach yn Sint Janskleaster. Mar trochdat de auto it ôfwitte liet moast de groep hommels opsplitse, al kaam de bút wol te plak. It wie in warskôging foar Boonstra om de organisaasje fan de knokploech noch better op te setten. Nei ferrin fan tiid kamen Wiersma en Boonstra yn de top fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (LO) en de Lanlike Knokploegen (LKP) yn Fryslân dy ’t op dat stuit út seis man bestie.
De ûnderdûkte torpedomakker ‘Herman’ waard yn de groep helle om de groepsleden mei wapens om gean te learen. Dizze Herman waard koerier foar Hollân. Op ien fan de reizen nei Hollân rekke er oan 'e praat mei in jonge frou, dy't him útkloarke. Dêrmei like der fertroulike ynformaasje by de Dútsers bekend te wêzen. 'Herman' gjin nije ynformaasje mear fan it ferset en hy ferdwûn. Boonstra en Wiersma wurken yn Haarlim gear mei de Barteljorisgroep fan ‘opa’ Casper ten Boom dy’t oan de Barteljorisstrjitte in klokwinkel hie. It ûnderdûkadres van Ten Boom waard ferret en op 1 febrewaris 1944 waard hast de hiele groep oprôle, Uilke hearde ek by de arrestanten. Der waarden 28 minsken oanhâlden dy't allegear nei it gefang fan Scheveningen (It Oranjehotel) ta brocht waarden. Troch ûnderhannelings wist in oare rike finzene himsels frij te keapjen en krige it klear dat Boonstra ek frijlitten waard.

Op 8 augustus 1944 kamen Boonstra en Wiersma mei de trein werom út Hollân. Se hienen yn Amsterdam in besprekking hân oer it opsetten fan in flechtrûte oer Delfsyl en De Kalkman nei Ingelân foar delstoarten alliearde fleantúchbemannings. At se op It Hearrenfean oerstapten waarden se opwachte troch Boonstra syn buorman Zijlstra dy’t in wichtige saak mei Boonstra besprekke woe. Boonstra en Zijlstra rûnen foarút, mei Wiersma in eintsje der efter. Bûten it stasjon waard Boonstra oanhâlden. De SD’er Grundmann hat nei de oarloch ferklearre dat Boonstra perfoarst oanhâlden wurde moast op ynstruksje út De Haach. Zijlstra wie spesjaal meikomd om Boonstra oan te wizen en waard dêr nei de oarloch foar feroardiele en krige in boete fan f 40.000,- . Wiersma wist te ûntkommen yn de tram nei De Jouwer en dûkte ûnder. Syn hûs waard oer de kop helle en syn frou waard tramtearre. De joadske poppe dy ’t se yn ’e hûs hiene waard net meinomd. Uilke moast sels tasjen hoe ’t syn hûs oer de kop helle waard. Op De Jouwer waarden noch seis manlju oppakt. Dêrfan soe mar ien persoan de kampen oerlibje. De arrestaasje hie ek as gefolch dat De Jouwer as fersetssintrum fan de Súdwesthoeke opheft waard. It ferset hat noch besocht om Uilke Boonstra te befrijen op syn transport nei it konsintraasjekamp, mar de bewaking wie te strang.

Op 18 augustus 1944 stoar Uilke Boonstra foar it fjoerpeloton yn Kamp Vught, tagelyk mei ta de dea feroardiele leden fan de Evenhuisgroep yn Ljouwert. Mei Jan Evenhuis en Krijn van der Helm hearde Boonstra by de grutte figueren fan it Nasjonaal Steunfûns en de Lanlike Organisaasje foar help oan Underdûkers yn Fryslân. Boonstra waard kremearre yn kamp Vught. Syn namme stiet op it tinkteken op it fusilladeplak en de betinkingsmuorre yn it Nasjonaal Monumint Kamp Vught. Ek op it monumint op de toersmuorren fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke yn de Midstrjitte op De Jouwer wurdt hy betocht. De Jouwer hat sûnt 4 maaie 1946 in Uilke Boonstraleane.

Op 14 febrewaris 2015 waard it Sjoerd Wiersmahof nei Wiersma neamd. Omdat hy sels de oerloch oerlibbe, kaam hy net earder yn oanmerking foar in strjitnamme. De nije strjitte is in sydstrjitte fan de Boonstraleane. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: