Ufa (stêd)

Ut Wikipedy
Ufa
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Autonome Republyk Basjkortostan
Sifers
Ynwennertal 1.157.994 (2023)
Oerflak 754 km²
Befolkingsticht. 1.635,75 ynw./km²
Oar
Stifting 1574
Tiidsône UTC +5
Koördinaten 54° 44' N 55° 58' E
Offisjele webside
webstee fan Ufa
Kaart
Ufa (Jeropeesk Ruslân)
Ufa
Lokaasje fan 'e stêd yn Jeropeesk Ruslân

Ufa (Russysk: Уфа́; Basjkiersk: Өфө, Öfö; Tataarsk: Уфа, Ufa) is de haadstêd fan 'e autonome Republyk Basjkortostan yn 'e Russyske Federaasje. De stêd hat mear as in miljoen ynwenners en in befolking dy't bestiet út Russen, Tataren, Basjkieren en noch in tal lytsere minderheden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Basjkieren yn tradisjonele klean

De Turkske Basjkieren wennen al foar de Russyske útwreiding nei Sibearje yn it súdlike diel fan 'e Oeral. Nei alle gedachten bestie der al yn 'e midsiuwen in Basjkierske delsetting op it plak fan it hjoeddeiske Ufa.

Iere tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan in Russysk fort yn 1574 foarmet it begjin fan 'e skiednis fan Ufa. Nei de anneksaasje fan 'e Basjkierske gebieten moast dat fort de súdeastlike grins fan Ruslân beweitsje. Ut histoaryske dokuminten docht bliken dat nei de ûnderwerping fan it Kazankanaat ambassadeurs fan Ivan IV stjoerd waarden nei dit gebiet, om de befolking oan te trunen har by Ruslân te foegjen. Yn it tiidrek fan 1554 oant 1557 folge de frijwillige tatreding fan alle Basjkierske stammen yn it Russyske steatebûn. Om't it gebiet jimmeroan wer troch fijannige nomaden oerfallen waarden en der yn it hiele gebiet in brek wie oan stêden en militêre kompleksen, waard der oan 'e mûning fan de Ufa yn 'e Belaja tichteby in âlde Kazaner hannelsrûte it lytse houten fort Ufa boud.

Foar in skoft wie Ufa de meast eastlike stêd fan it hjoeddeiske Ruslân. In 440 meter lange ikehouten muorre mei tuorren omklamme it fort, dêrfandinne ek de bynamme 'Ikestêd'. De delsetting krige yn 1579 in stiennen tsjerke en yn it jier 1586 krige Ufa stedsrjocht. De stêd waard dêrnei noch ferskillende kearen troch de oanbuorjende steppefolken oanfallen, mar hieltiten sûnder súkses. Yn it jier 1635 belegeren troepen fan de Sibearyske foarsten Tjavka en Ablai de stêd, dy't lykwols op de flecht ferslein waarden. Yn 'e 17e iuw bleau Ufa in belangrike fêsting- en hannelsstêd oan 'e grins mei Sibearje. Tagelyk feroare de stêd yn 'e 17e en 18e iuw stadichoan fan in militêr fort nei in polityk en ekonomysk sintrum fan de kontrijen. Polityk hearde de stêd sûnt 1708 by it troch Peter de Grutte ynstelde gûvernemint Kazan (1708-1920). Sûnt 1728 wie Ufa de haadstêd fan in provinsje mei deselde namme, dy't fuort ûnder de senaat foel. Sûnt 1744 lei de stêd yn it gûvernemint Orenburg (1744-1928). Dêrtroch ferlear de stêd oan betsjutting as bestjoerssintrum fan Basjkierje.

Op 23 maaie 1759 waard de stêd troch in ramp troffen. De bliksem feroarsake by swier waard in brân, dy't de houten fêsting en grutte dielen fan 'e stêd ferneatige. De werboude fêsting bleau oant de Pûgatsjovopstân (1773-1775) stean en soe de stêd oant dy tiid noch ferdigenje.

Sûnt 1772 hie de ried it stedhûs om de stêd te bestjoeren. Alve jier letter, yn desimber 1781, waard Ufa de haadstêd fan 'e nije provinsje Ufa, foardat it yn 1796 by it gûvernemint Orenburg foege waard. Sûnt de 18e iuw wie Ufa ek in islamitysk sintrum foar de súdlike Oeral mei de sit fan in troch de tsaar beneamde moefty.

19e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't Ufa yn 1802 in gûvernemintsstêd waard mei foar in skoft de sit fan 'e gûverneur en syn bestjoer, waard der yn 1819 in begjin makke mei in foarse útwreiding fan 'e stêd. De ûnstiene brede strjitten en iepen pleinen en yn 1865 feardige Aleksander II it dekreet út, wêrmei Ufa de haadstêd fan it gûvernemint Ufa (1865-1922) mei seis provinsjes waard.

Ufa oan it ein fan 'e 19e iuw

De soldaten- en amtnersstêd wie ek in belangryk knooppunt foar it ferkear en ûntwikkele him ta in yndustrieel sintrum. Healwei de 19e iuw bestiene der al in tal learloaierijen en oanlisplakken oan 'e rivier. Wichtich foar de stêd wie ek de ûntwikkeling fan 'e skipfeart, dy't mooglik waard nei 't de rivier Belaja yn 'e jierren 1857-1858 befarber makke sa't der ferbinings nei Kazan en Nizjni Novgorod mooglik waarden. Ufa waard sa de grutste haven yn 'e Oeralregio. Yn 1885 folge de oansluting op it Russyske spoarnet. Tsjin it ein fan 'e 19e iuw hie Ufa 30 fabriken yn 'e fiedsel-, lear-, silikaat- en houtsektor. Ek waard Ufa belangryk yn 'e hannel yn fleis en daaiwaar.

20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1917-1918 wie Ufa foar in koart skoftke de sit fan in Islamityske Nasjonale Ried en yn septimber 1918 in tydlik regear dy't it gesach oer hiel Ruslân opeaske en tsjin de bolsjewiken rjochte wie. Ek al wist it Reade Leger winst te boeken, Ufa bleau oant it ein fan 1919 ûnder de ynfloed fan ferskillende Wite fraksjes en de nasjonale Basjkierske beweging.

Ufa wie sûnt 1922 ek de haadstêd fan de Basjkierske Autonome Sosjalistyske Sovetrepublyk (BASSR). Yn 'e jierren dêrnei waard yn it ramt fan it Fiifjierrenplan in motorenfabryk en de earste TEZ (elektrisiteitssintrale) boud en yn 1939 folge it earste ierdoaljeferwurkjende bedriuw.

De stêd ûntjoech him yn'e jierren 1920 en 1930 fierder. De yndustriële produksje gie yn dy tiid omheech en mear as 16 kear oer de kop. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard in soad ekonomyske ynstituten nei Ufa ferhûze en sa ek op oanwizing fan Jozef Stalin de Kommunistyske Ynternasjonale (Komintern).

Nei de oarloch spile de eksploitaasje en ferwurking fan de oaljefoarrieden fan de kontrijen de grutste rol yn 'e ekonomy fan Ufa. Yn 'e jierren 1950 waard in nije oaljeferwurkjend bedriuw iepene en in tredde folge al gau dêrnei. Dêrnjonken krige ek de gemyske en de wurktúchboukundige yndustry in foet oan 'e grûn yn 'e stêd. Op 24 july 1956 waar mei in dekreet fan 'e Sovjet fan 'e BASSR de stêd Tsjernikovsk yn it noarden fan Ufa as it stedsdiel Ordzjonikidze by Ufa yndield.

Sûnt 1991 is Ufa de haadstêd fan de doe stifte Republyk Basjkortostan.

21e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd wie ynternasjonaal yn it nijs doe't yn 2002 op 1 july de TU-154 fan Bashkirian Airlines en in Boeing 757 boppe de Bodensee by Überlingen meiïnoar botsten. Fral passazjiers út Ufa, wêrûnder 49 bern, ferlearen dêrby harren libben.

Yn 2015 waard yn Ufa in frijefâldige top fan 'e BRICS-lannen, de Euraziatyske Uny en de Shanghai Cooperation Organization organisearre.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de Russyske folkstelling fan 2020 stie de stêd op 1 oktober 2021 wat befolking oanbelanget op it 10e plak fan de 1119 stêden fan 'e Russyske Federaasje. It wie ek de 31e stêd fan Europa wat it ynwennertal oanbelanget.

De etnyske gearstalling fan Ufa bestiet neffens dy folkstelling fan 2020 út Russen (48,9%), Tataren (27,0%), Basjkieren (20,4%), Mari (0,5%), Tsjûvasjen 0,5% en minsken mei in oare etnyske eftergrûn (2,6%).

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1650 1718 1840 1886 1913 1920 1939 1962 1979
Ynwenners 700 5600 16.500 27.000 100.700 92.800 250.011 610.000 969.289
Jier 1990 2000 2010 2020
Ynwenners 1.088.000 1.091.200 1.062.319 1.128.787

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerke fan 'e Berte fan 'e Mem Gods

De wichtichste denominaasjes yn 'e stêd binne it otterdokse kristendom en de soennitysk islaam.

Ufa is it sintrum fan de metropolyt fan it otterdokse bisdom Ufa. Yn 'e twadde helte fan 'e 17e iuw waard yn it kremlyn fan Ufa de earste katedraal fan de Mem Gods fan Smolensk boud (ferneatige yn 1955). Trije histoaryske tsjerken hawwe de kommunistyske tiid oerlibbe, oare tsjerken binne yntusken restaurearre en mear tsjerken binne nijboud of yn oanbou. Sûnt 2000 binne der ek ferskillende protestantske tsjerken yn Ufa.

Bou fan 'e Ar-Rahimmoskee

Yn Ufa hat ek it troch Katarina de Grutte yn 1788 ynstelde Sintrale Geastlike Bestjoer fan 'e Russyske Moslims syn sit, in koepelorganisaasje fan islamityske organisaasjes. De foarsitter fan dat bestjoer draacht de titel 'heechste mûfti'. Yn Ufa steane in grut tal lytsere en gruttere moskeeën.

Sûnt 2008 is der foar de joadske mienskip it Joadske Nasjonale en Kulturele Sintrum mei in synagoge.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ufa is te ferdielen yn sân stedrajons (ynwennertallen op basis fan 'e Russyske folkstelling fan 2020):

Nû. Namme Russysk Ynwenners (2021) Kaart
1 Djomski Дёмский 83.203
2 Kalininski Калининский 207.664
3 Kirovski Кировский 174.837
4 Leninski Ленинский 91.530
5 Oktjabrski Октябрьский 245.416
6 Ordzjonikidzevski Орджоникидзевский 161.291
7 Sovetski Советский 180.868

Dêrnjonken binne der ek noch lannelike delsettings mei meiïnoar goed 7.000 ynwenners.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Ufa leit oan 'e mûning fan 'e rivieren Ufa en Djoma yn 'e Belaja (Agidel), likernôch 100 Kilometer westlik fan 'e Oeral. Ufa leit yn in lingte fan likernôch 50 km fan it súdwesten nei it noardeasten en is ûngefear 753 km² grut. Ufa leit yn de tiidsône GMT+0500 of CET+0400 (Middeneuropeeske tiid +4 oere). Sûnt 2011 is der gjin simmertiid mear.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd leit yn 'e sône fan de noardlike bosksteppen. It klimaat is kontinintaal en fochtich mei waarme simmers en kâlde winters. De trochsnit temperatuer yn jannewaris is −14,6 °C, de minimum temperatuer −40 °C; yn july is de trochsnit temperatuer 19,0 °C, de heechste temperatuer 40 °C. De trochsnit delslach bedraacht 419 millimeter yn 't jier.

Ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lofthaven fan Ufa

Ufa foarmet in wichtich transportknooppunt fan Ruslân. De befarbere rivier Belaja mei syn sydrivier de Ufa krúst hjir de histoaryske Trans-Sibearyske spoarline. Autowegen ferbine de stêd mei Moskou, Tsjeljabinsk, Kazan, Samara, Perm en Orenburg. Yn 1885-1888 waard Ufa mei it spoarnet ferbûn, dat de stêd mei de westlike en sintrale regio's fan Ruslân ferbynt. Trams, trolleybussen, bussen en taksy's regelje it stedsferier. De oanlis fan 'e metro gie net troch en yn stee fan dat plan kaam der in plan om in hegesnelheidstram oan te lizzen. Ufa hat in ynternasjonale lofthaven.

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd telt ferskillende universiteiten en sintra foar wittenskiplike ûntwikkeling.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ufa is it kulturele sintrum fan Basjkortostan. Der binne seis steatsteäters, meardere bibleteken en in grut tal bioskopen. Ufa telt mear as 50 iepenbiere en partikuliere musea.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Ufa (Stadt)