UK Music Video Award

Ut Wikipedy
UK Music Video Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
útrikt foar fideoklips
frekwinsje 1x jiers
datum hjerst
plak Londen (Ingelân)
1e útrikking 2008
offisjele webside
www.ukmva.com

De UK Music Video Awards binne in groep Britske muzykprizen dy't elts jier útrikt wurde foar kreätiviteit, technyske treflikens en ynnovaasje op it mêd fan Britske en ynternasjonale fideoklips. Fan augustus ôf kinne klips nominearre wurde troch bedriuwen út 'e Britske muzykyndustry of gewoan troch partikulieren. De eigentlike takenning fan 'e prizen wurdt ferrjochte troch in faksjuery, wêrnei't de útrikking earne yn 'e hjerst plakfynt. De UK Music Video Awards waarden foar it earst útrikt yn 2008. Artysten dy't dizze priis yn it ferline wûn hawwe, wiene bgl. Björk, Beyoncé Knowles en Coldplay.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • fideoklip fan it jier
  • bêste pop-fideoklip
  • bêste rock-fideoklip
  • bêste alternative of ûnôfhinklike fideoklip
  • bêste dance-fideoklip
  • bêste urban-fideoklip
  • bêste ynternasjonale fideoklip
  • bêste kamerarezjy yn in fideoklip
  • bêste styling yn in fideoklip
  • bêste sinematografy yn in fideoklip
  • bêste telecine yn in fideoklip
  • bêste fisuële effekten yn in fideoklip
  • publykspriis
  • bêste produsint
  • bêste regisseur
  • bêste nije regisseur
  • bêste commissioner

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.