Tweed

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Streamgebiet fan de Tweed en sydrivieren.
De Tweed yn Coldstream

De Tweed (Abhainn Thuaidh) is in rivier fan 156 km lang dy't foar it grutste part troch it grinsgebiet tusken Ingelân en Skotlân rint, de Borders. Hy ûntspringt op Tweedsmuir by Tweed's Well tichtby it plak dêr't ek de rivieren Clyde, dy't nei it noardwesten rint, en de Annan dy't nei it suden streamt, begjinne. "Annan, Tweed and Clyde rise oot the ae hillside" sizze se yn de Borders. De hiele Borderregio lost syn wetter op dizze rivier. De lêste 27 km fan de rivier is part fan de grins tusken Ingelân en Skotlân.

De Tweed is ien fan de grutte salmrivieren fan Grut Brittanje en is de iennichste rivier yn Ingelân dêr't sûnder fergunning angelfiske wurde mei.

De Tweed streamt troch de folgende plakken: Peebles, Galashiels, Melrose, Kelso, Coldstream en Berwick-upon-Tweed, dêr't er yn de Noardsee streamt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

De Tweed ûnder St Boswells.