Tsjerke fan Kreta

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjerke fan Kreta
offisjele namme: Ἐκκλησία τῆς Κρήτης
Ekklisia tis Kritis
Tsjerke fan Kreta
jier f. stifting: 64 n.Kr.
jier f. ûnôfhinkl.: 1900
erkenning: 1900 troch it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel
1961 troch de Grykske steat
titel f.d. primaat: aartsbiskop fan Kreta
sit f.d. primaat: Heraklion, op Kreta (Grikelân)
liturgyske taal: Hellenistysk Gryksk
ledetal: 620.000

De Tsjerke fan Kreta (Gryksk: Ἐκκλησία τῆς Κρήτης, Ekklisia tis Kritis), is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't ûnderdiel útmakket fan wat wol de Gryksk-Otterdokse Tsjerke neamd wurdt, mar wat eins in groep ûnderskate tsjerken op Gryksk-otterdokse basis is. It is in selsbestjoerende tsjerke dy't ûnder it gesach fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel falt. De Tsjerke fan Kreta is yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken, en stiet ûnder it bewâld fan 'e aartsbiskop fan Kreta.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De eastersk-otterdokse tsjerke op Kreta is stifte yn it jier 64, troch de apostel Paulus. Nei it Grutte Skisma fan 1054, wêrby't it ta in definitive brek kaam tusken de Roomsk-Katolike Tsjerke en de eastersk-otterdokse tsjerken, foel Kreta ieuwenlang streekrjocht ûnder it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel, ek nei't dat ûnder Turksk tafersjoch kaam te stean nei't de Osmaanske Turken yn 1453 Konstantinopel ynnommen hiene. Pas yn 1900 krige de Kretinzyske tsjerke selsbestjoer, nei't Kreta twa jier earder ûnder bûtenlânske druk in autonoom gebiet binnen it Osmaanske Ryk wurden wie.

De Agios Minoskatedraal te Heraklion, de sit fan 'e aartsbiskop fan Kreta.

Yn 1908 waard Kreta nei in anty-Turkske opstân op it eilân troch Grikelân anneksearre, wat yn 1912, ûnder it Ferdrach fan Boekarest, formalisearre waard. Sa krige de Grykske steat doe twa Gryksk-otterdokse steatstsjerken binnen syn grinzen (de Tsjerke fan Kreta en de Tsjerke fan Grikelân), in sitewaasje dy't oant hjoed de dei ta fuortduorret.

Hjoed de dei[bewurkje seksje | edit source]

De Tsjerke fan Kreta is hjoed de dei noch altiten in steatstsjerke; de salarissen en pinsjoenen fan 'e geastliken wurde betelle troch de steat en binne kwa hichte ferlykber mei dy fan leararen. Religieuze houliken en dopen útfierd troch de Tsjerke steane foar de Grykske wet gelyk mei it boargerlik houlik en ynskriuwings yn it boargerlik berteregister. It wurdt as net mear as normaal beskôge dat it Grykske regear him bemuoit mei de beneamings fan hege geastliken binnen de Tsjerke fan Kreta (en trouwens likegoed binnen de Tsjerke fan Grikelân).