Tom Doherty

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tom Doherty yn 2006.

Tom Doherty (23 april 1936) is in súksesfol Amerikaansk útjouwer en redakteur fan science fiction- en fantasy-boeken. Nei't er yn 'e fyftiger en sechstiger jierren as boekeferkeaper wurke hie, waard Doherty yn 1972 útjouwer fan Tempo Books. Yn 1975 waard er dêrnjonken ek noch útjouwer fan 'e science fiction- en fantasy-ymprint Ace Books, dy't yn 'e hannen fan deselde eigner (Grosset & Dunlap) wie. Yn 1980 ferliet er Ace Books om syn eigen útjouwerij, it tige súksesfolle Tor Books op te setten.[1]

Tor waard yn 1987 in dochterûndernimming fan St. Martin's Press; beide binne no dochterûndernimmings fan Holtzbrinck Publishers, dat better bekend is as Macmillan Publishers. Tom Doherty is noch altiten direkteur en útjouwer fan Tom Doherty Associates, LLC, dêr't de ymprints Tor, Forge, Orb, Starscape en Tor Teen ûnder falle.[2]

Yn 2005 waard oan Doherty op 'e World Fantasy Convention te Madison, yn 'e Amerikaanske steat Wisconsin, in World Fantasy Award yn 'e Lifetime Achievement-kategory takend foar syn bydrage oan fantasy-literatuer.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten:

  1. Clute, John, en Nicholls, Peter, The Encyclopedia of Science Fiction.
  2. Clute, John, en Nicholls, Peter, The Encyclopedia of Science Fiction.

Boarnen:

  • Clute, John, en Nicholls, Peter, The Encyclopedia of Science Fiction, Londen, 2011 (fergees te rieplachtsjen op http://sf-encyclopedia.com/).