Tor Books

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tor Books
Tor Books logo.jpg
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1980
oprjochter Tom Doherty
eigner Macmillan Publishers
offisjele webside
us.macmillan.com/TorForge

Tor Books is fierwei de bekendste ymprint fan 'e Amerikaanske útjouwerij Tom Doherty Associates, LLC út New York, dy't him benammentlik spesjalisearret yn 'e publikaasje fan romans en novellen yn 'e sjenres science fiction en fantasy. Oarspronklik wie Tor Books in selsstannige útjouwerij, dy't yn 1980 oprjochte waard troch útjouwer en redakteur Tom Doherty. Yn 1987 waard it lykwols oernommen troch St. Martin's Press; op 't heden falt Tor yn 'e mande mei St. Martin's Press, Henry Holt en Farrar, Straus and Giroux ûnder Holtzbrinck Publishers, dat better bekend is as Macmillan Publishers.

Al hiel gau nei de oprjochting ferovere Tor Books in wichtich part fan 'e merk yn syn sjenres. De rol dy't Tor yn 'e science fiction- en fantasy-literatuer spilet, hat erkenning krigen trochdat de útjouwerij sûnt 1988 elts jier de priis foar de bêste science fiction-útjouwer fan it gesachhawwende Locus Magazine wûn hat.[1]

Tor hat grutte nammen yn science fiction en fantasy útjûn, lykas Jacqueline Carey, David B. Coe, Glen Cook, Kate Elliott, Jennifer Fallon, Elizabeth Haydon, Robert Jordan, Mercedes Lackey, Jane Lindskold, Juliet Marillier, R.A. Salvatore, Brandon Sanderson en Jo Walton.

Ymprints[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken Tor Books beslacht Tom Doherty Associates noch in tal oare ymprints:

  • Forge Books (mainstream-boeken en militêre skiednis);
  • Orb Books (science fiction- en fantasy-werprintingen);
  • Paranormal Romance;
  • Starscape (berne-science fiction);
  • Tor Teen (science fiction- en fantasy foar teenagers);
  • Tor/Seven Seas (manga's).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [www.locusmag.com/SFAwards/Db/LocusWinsByCategory.html#pub The Locus Index to SF Awards: Locus Winners by Category.]

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.