Springe nei ynhâld

Tjeerd Annes Keikes

Ut Wikipedy
Komfoar T.A. Keikes
Frysk Skipfeart Museumn

Tjeerd Annes Keikes (It Hearrenfean, 9 jannewaris 1804 - Ljouwert, 5 febrewaris 1886) wie in Nederlânsk sulversmid en medaljeur. [1]

Keikes wie fan sa. 1830 ôf selsstannich sulversmid yn Ljouwert. Hy makke in soad wurk fanwege it Frysk patrysjaat, mar ek it Nederlânske en Frânske hof hearden ta syn klanten.

Yn 1852 waarden yn Nederlân de ûnderskiedingstekens foar in boargemaster by Keninklik Beslút fêststeld, mei de regels foar it dragen fan in amtskeatling. De Fryske kommissaris fan de kening Van Panhuys, riede de gemeentebestjoeren oan harren amtsketeatling meitsje te litten troch Keikes. Hy makke de keatlings foar ûnder oaren Ljouwert, Dokkum, Baarderadiel en Westdongeradiel.[2]

It Frysk Skipfeart Museum hat ûnder oaren in troch Keikes makke sulveren komfoar (1853)[3] en in betinkingsmedalje fan Wiardus Willem Buma (1868).[4]

Keikes waard yn 1873 troch kening Willem III ta ridder yn de Oarder fan de Ikekroan beneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Keikes, W.H. (1981), "Tjeerd Annes Keikes (1804-1886), zilversmid en graveur te Leeuwarden", yn Antiek, 15 (1981)
  • Stoter, M.E. (2003), "Keikes, kampioen van de goede richting", yn Genootschapscultuur in Friesland : het Fries Genootschap 1827-2002, útjefte fan it Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer.

Noaten:

  1. Rijksbureau voor Kunsthistorische Documentatie
  2. De ambtsketen van de burgemeester
  3. T.A. Keikes, Leeuwarden - zilveren aansteekcomfoor
  4. Zilveren gedenkpenning op het 45-jarig huwelijk van W.W. Buma en M. de With