Timbûktû

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Timbûktû
Sankore-moskee Timbûktû
Sankore-moskee Timbûktû
Sifers
Ynwennertal 54.453 (2009)
Oerflak 147,9 km²
Befolkingstichtens 368,2 km²
Hichte 261 m
Polityk
Lân Maly
Regio Timbûktû
Oar
Stifting 12e ieu
Koördinaten
Djingareiber-moskee, 14e ieu
Wrâlderfgoed UNESCO

Timbûktû (Frânsk: Tombouctou) is in plak yn Maly en ek de haadstêd fan de regio Timbûktû. It plak leit sa'n 13 km benoarden de rivier de Niger. De oarsprong fan de namme is ûnwis.

De earste Europeaan dy't de stêd berikte wie de Skotske majoar Gordon Laing, dy't op de weromreis út de stêd fermoarde waard. De namme is no noch symboal foar in fier fuortlizzend en dreech te berikken plak.

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Timbûktû wie yn it ferline in wichtige hannelsstêd op de karavaanrûtes troch de Sahara fan Súd Marokko en Algerije nei de Sahel. Dêr waard it hannelsguod oerladen fan de karavaan yn boaten yn de haven fan Timbûktû, Kabara. Sâlt, wûn by Awdaghust yn de Sahara en no by Taoudennit, waard ferhannele tsjin goud út de Riken fan Gana oan de Senegal rivier (net betize mei de Republyk Gana fan no) en letter Maly, dat wer nei Marokko brocht waard en dêr ferhannele foar pleatslike produkten. De kombinaasje fan rykdom fan de stêd en har ûnberikberens foar Kristlike hannelers joegen de namme Timbûktû in hast mytyske klank yn it Westen.

Tsjintwurdich is it toerisme de wichtichste ynkomstenboarne yn de stêd. Sûnt in oantal jierren wurdt yn jannewaris it muzikale 'Festival au Désert' organisearre, krekt bûten Timbûktû, dat besocht wurdt troch hûnderten Westerske toeristen. De Djinguereber-moskee datearret út de 14e ieu. Yn de regio om Timboektoe hinne wurdt weet boud, dêr't pleatslik bôle fan bakt wurdt: tagulla, in ferneamde lekkernij yn de omkriten.

Ferkear[bewurkje seksje | edit source]

Timboektoe hat sûnt 1961 in ynternasjonale luchthaven en hat teffens in haven foar transport oer de rivier de Niger. Der binne fierders ek no noch pistes nei de Sahara yn it Noarden dy't fan de azalaï brûkt wurde (karavaanrûtes).

Berne[bewurkje seksje | edit source]

  • Alphadi, pseudonym fan Seidnaly Sidhamed (1957), moadeûntwerper

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • John Hunwick, Timbuktu & the Songhay Empire (Leien 2003)
  • Michel Abitbol, Tombouctou au milieu du XVIIIe siècle (Parys 1982)