The Allman Brothers Band

Ut Wikipedy
The Allman Brothers Band
band
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Southern Rock,
Blues
bestean 19691976,
19781982
19892014
label(s) Atco,
Capricorn,
Arista,
Epic,
Sanctuary
âld-leden Duane Allman gitaar (1969–1971) †
Chuck Leavell toetsen (1972–1976)
Lamar Williams bas (1972–1976) †
Dan Toler gitaar (1978–1982) †
Rook bas (1978–1982)
David Toler drums (1980–1982) †
Mike Lawler toetsen (1980–1982)
Allen Woody bas (1989–1997) †
Johnny Neel toetsen (1989–1990)
Jack Pearson gitaar (1997–1999)
leden
Sang &
Toetsen
Gregg Allman
Gitaar Derek Trucks
Gitaar Warren Haynes
Bas Oteil Burbridge
Perkusje Marc Quiñones
Drums Butch Trucks †,
Jai Johanny Johanson

The Allman Brothers Band wie in Amerikaanske rock- en bluesband út Georgia, dy ’t oprjochte is yn 1969 troch de bruorren Duane Allman (gitaar) en Gregg Allman(sang en oargel). De band spile in miks fan blues en rock mei lange ymprovisaasjes dy ’t oan jazz tinken dogge. Dizze muzyk wurdt ek wol Southern Rock neamd, om ’t dit fan oarsprong spile waard yn it suden fan de Feriene Steaten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it begjin bestie The Allman Brothers Band neist de bruorren Douane en Gregg Allman út Dickey Betts (gitaar), Berry Oakley basgitaar), Butch Trucks (drums) en Jai Johanny “Jaimoe” Johanson (drums). Se hienen in hiel eigen lûd troch twa gitaren en twa drummers. De band joech in soad optredens, foardat it earste album útbrocht waard. Op dat album stienen sân lieten, wêrfan ’t it grutste part skreaun is troch Gregg Allman. It sukses kaam mei it twadde album “Idlewild South” (1970).De sân lieten op dat album binne sawat allegearre skreaun troch Gregg Allman of Dickey Betts. “Hoochie Koochie Man” is in âld bluesnumer, skreaun troch Willie Dixon.

Nei it twadde album kamen der hieltyd mear taskôgers nei harren optredens. Yn maart 1971 joegen hja in stikmannich konserten yn de Fillmore East yn New York, dêr’t in dubelalbum fan útbrocht is. Dat album “At Fillmore East” waard in grut sukses en wurdt sjoen as ien fan de bêste live- en bluesrock albums fan alle tiden. Op it album stean fjouwer âlde bluesnumers en trije dy’t de mannen sels skreaun hawwe. It langste numer “Whipping Post” duorret op dit album rom 22 minuten.

Yn oktober 1971 ferstoar Duane Allman troch in motorûngelok. Op dat stuit wie de band dwaande mei it fjirde album “Eat a Peach”, dat hja ôfmakken mei ien gitarist (Dickey Betts) en de nije pianist Chuck Leavell. In jier letter, yn novimber 1972, ferûngelokke Berry Oakley mei syn motor op sawat it selde plak as Duane Allman. Hy waard ferfong troch Lamar Williams. Yn 1973 kaam in nij album út, “Brothers and Sisters”, dat in wat oar lûd hearre liet as de eardere albums. Dicky Betts hie mear ynfloed krigen as de ienigste gitarist en spile ek wol graach wat melodieuzere countryrock. Op “Brothers and Sisters” steane de twa bekindste ferskes fan de Allman Brothers, “Ramblin’man” en it ynstrumintale “Jessica”. Dizze ferskes binne beide skreaun troch Dickey Betts, Les Dudek spilet de twadde gitaar. “Jessica” is ek bekind wurden fan de televyzje searje “Top Gear”.

Neidat it album “Win, Loose or Draw” útbrocht wie (yn 1975) foel de band útelkoar. Hja hawwe noch in pear kear besocht om op’e nij te begjinnen, mar dat slagge pas yn 1989. Doe spilen der in tal nije muzikanten mei, wylst oaren ôfheakke hienen. Yn dy gearstalling brochten hja it album “Shades of Two Worlds” (1991) út dat goed ûntfong waard, sawol by kritisy as by it publyk. De band is trochgong oant 2014, de lêste jierren mei de gitaristen Warren Haynes en Derek Trucks, in omkesizzer fan de drummer Butch Trucks. It lêste suksesfolle studioalbum fan The Allman Brothers Band wie “Hittin’the Notes” út 2003. Yn jannewaris 2017 is Butch Truks ferstoarn en letter yn dat selde jier Greg Allman.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
The Allman Brothers Band novimber 1969 Atco Black Hearted Woman
Idlewild South septimber 1970 Revival (Love Is Everywhere),
Midnight Rider
Brothers and Sisters augustus 1973 Capricorn Ramblin' Man,
Jessica
Win, Lose or Draw augustus 1975
Enlightened Rogues febrewaris 1979 Crazy Love,
Can't Take It with You
Reach for the Sky augustus 1980 Arista
Brothers of the Road augustus 1981 Straight from the Heart
Seven Turns 3 july 1990 Epic Good Clean Fun,
Seven Turns
Shades of Two Worlds 2 july 1991
Where It All Begins 3 maaie 1994
Hittin' the Note 18 maart 2003 Sanctuary

Live-albums (kar út)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
At Fillmore East 6 july 1971 Capricorn
Eat a Peach febrewaris 1972 Ain't Wastin' Time No More,
Melissa,
One Way Out (Elmore James cover)
Wipe the Windows, Check the Oil, Dollar Gas novimber 1976
An Evening with the Allman Brothers Band: First Set 9 juny 1992 Epic
An Evening with the Allman Brothers Band: 2nd Set 9 maaie 1995
Peakin' at the Beacon 4 novimber 2000
One Way Out 23 maart 2004 Sanctuary

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
Beginnings 1973
The Road Goes On Forever 1975
The Best of The Allman Brothers Band 1981
Dreams juny 1989
A Decade of Hits 1969–1979 22 oktober 1991
Hell & High Water: The Best of the Arista Years 1994
Legendary Hits 16 april 1995
Ramblin' Man 15 maaie 1995
Mycology: An Anthology 9 juny 1998
The Best Of The Allman Brothers Band Live 1998
Madness Of The West
20th Century Masters –
The Millennium Collection:
The Best of the Allman Brothers Band
25 jannewaris 2000
Still Rockin' 26 septimber 2000
Martin Scorsese Presents the Blues:
The Allman Brothers Band
9 septimber 2003
Stand Back:
The Anthology
8 juny 2004
The Essential
Allman Brothers Band:
The Epic Years
31 augustus 2004
Gold 11 oktober 2005
Playlist Plus 29 april 2008
Green Series:
The Best of the Allman Brothers Band
Trouble No More:
50th Anniversary Collection
28 febrewaris 2020

Tiidline fan bandleden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]