Tenzing Norgay

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hillary en Tenzing Norgay
Stânbyld fan Tenzing Norgay

Tenzing Norgay (faaks kleaster Ghang La (Tibet), 15 maaie 1914 - Darjeeling (Yndia), 9 maaie 1986) wie in Nepalese sjerpa, dy't tegearre mei Edmund Hillary as earste de top fan de heechste berch yn de wrâld, de Mount Everest, berikte.

It is net witten wa't as earste op de top stie, Norgay en Hillary hienen ôfsprutsen dat net te sizzen. Omdat beide stoarn binne, sil it ek nea bekend wurde.

1953 wie foar Norgay in wichtich jier. Op 29 maaie 1953 berikten Hillary en Tenzing as earste minsken it heechste punt op ierde, de Mount Everest (8848m).

Tenzing Norgay wie drager fan in hege Britske ûnderskieding foar dapperens; de George Medalje.

Yn 1996 trede syn soan Jamling Tenzing yn syn heite fuotleasten. By de klim, dy't ek wol de "1996 Everest disaster" neamd wurdt omdat der acht klimmers út in oar team omkamen, helle er mei twa oare klimmers de top fan de Mount Everest.