Edmund Hillary

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Edmund Hillary, 2006
Hillary's rûte nei de top fan Mount Everest
Edmund Hillary op Antarktika, 1957

Edmund Percival Hillary (Auckland, 20 july 1919 - dêre, 11 jannewaris 2008) wie in Nij-Seelânske berchbeklimmer, ûntdekkingsreizger, diplomaat en publisist. Hy krige bekendheid as de earste berchbeklimmer dy’t de top fan de Mount Everest beklom, in prestaasje dy’t hy tegearre mei de Nepaleeske Sjerpa Tenzing Norgay op 29 maaie 1953 levere.

Libbensrin[bewurkje seksje | edit source]

Hillary begûn mei klimmen as tsiener yn de Nij-Seelânske Alpen. Nei in koarte karriêre as bijker die hy yn 1951 mei oan in mislearre ekspedysje nei de Mount Everest. Twa jier letter berikte hy as lid fan een Britse ekspedysje ûnder lieding fan John Hunt de top fan Everest; dit makke him op slach ferneamd. Nei noch itselde jier ta ridder slein te wêzen, kaam hy yn 1956, '60, '61, '63, '64 en 1965 werom nei de Himalaya.

Tusken 1955 en 1958 late Hillary de British Commonwealth Trans-Antarctic Expedition, wêrby’t op 4 jannewaris 1958 de Súdpoal berikt waard. Hy rette it twadde diel ta fan de ekspedysje fan Vivian Fuchs, dy’t as earste Antarktica oerstuts. Yn de jierren santich late Hillary de earste ekspedysje dy’t mei in motorboot de Ganges opfarde.

Nei syn aktive klimkarriêre fêstige Hillary syn oandacht op de miljeuaspekten by de klimsport en de problemen fan de Nepaleeskse befolking. Yn 1975 die hy mei oan de parlemintsferkiezingen yn syn lân, as lid fan de Citizens for Rowling-campagne. Yn it ramt hjirfan soe hy gûverneur-generaal wurde, mar dit amt waard yn 1977 oan Keith Holyoake taoegekend.

Fierder wie hy ien fan de twa libbene persoanen dy’t op in Nij-Seelânsk dollarbiljet ôfbylde stienen, nammentlik op dat fan fiif dollar. De oare persoan is keninginne Elisabeth II, dy’t op in biljet fan tweintich dollar ôfbylde stiet.

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • High adventure (1955)
  • Nothing venture, nothing win (1974)
  • From the ocean to the sky (1979)