Teeplant

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Teeplant

De teeplant (Camellia sinensis) is in plant dy't fan oarsprong groeit yn Súdeast-Aazje. De jonge leaten fan dizze plant wurde brûkt om tee te meitsjen. Sinensis is Latyn foar Sinees. Tsjintwurdich wurdt tee oer de heule wrâld yn tropyske en subtropyske gebieten ferboud. Fan dizze plant wurde wite tee, griene tee, oalong en swarte tee makke.

Teeplanazje yn Yndia

De teeplant is een grienbliuwende strûk of lytse beam dy't sa'n 17 m heech wurde kin, mar meastal oant ûnder de twa meter snoeid wurdt as it om de blêden kweekt wurdt. De plant hat in sterke pinnewoartel. De blommen binne giel-wyt mei in diameter fan sa'n 2,5-4 sm mei 7 of 8 blomblêdsjes.

De siedden fan de teeplant kinne fynmeald wurde foar tee-oalje, in swiete oalje om iten te sieden dy't net betize wurde moat mei Tea Tree-oalje, in etearyske oalje dy't brûkt wurdt foar medyske en kosmetyske doelen en makke wurdt fan de blêden fan in oare plant.

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Camellia sinensis en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.