Tauber

Ut Wikipedy
Tauber
geografy
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteaten Baden-Württemberg
Beieren
lokaasje boarne 0,5 km eastlik fan Rot am See-Weikersholz
49° 15' N 10° 6' E
mûnet út yn MainRynNoardsee
lokaasje mûning Wertheim
49° 45' N 9° 30' E
plakken Rothenburg ob der Tauber, Creglingen, Röttingen, Weikersheim, Lauda-Königshofen, Tauberbischofsheim
sifers
lingte 129,11 km
hichte boarne 447 m
hichte mûning 133,5 m
ferfal 313,46 m
ôfwetteringsgeb. 1.809,29 km²

De Tauber is in Dútske rivier, dy't syn boarne yn it west fan 'e Frankenhöhe hat, likernôch 50 km west fan Neurenberch. Dêrnei streamt de rivier likernôch 130 km yn noardwestlike rjochting troch de regio Franken en mûnet lang om let by Wertheim út yn 'e Main. De namme Tauberfranken, in diel fan Franken, is ûntliend oan 'e namme fan 'e rivier

De namme giet op it Keltyske wurd dubr foar wetter werom.

Boarne fan 'e Tauber.

Der hat lang striid west oer de fraach of de boarne fan 'e Tauber by Wettringen yn Beieren of by Weikersholz yn Baden-Württemberg leit. Om 't de boarne by Weikersholz yn 'e gemeente Rot am See heger leit, wurdt sûnt 1976 dat plak as de oarsprong fan 'e Tauber beskôge.

Yn 'e delling fan 'e Tauber wurdt in soad oan wynbou dien. Bekende plakken oan 'e Tauber binne Rothenburg ob der Tauber, Creglingen, Bad Mergentheim en Tauberbischofsheim.

Yn 2016 waard foar it diel fan 'e Tauber tusken Tauberbischofsheim en Impfingen in natuerliker rin oanlein, om sa de betingsten foar planten en bisten te ferbetterjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Tauber.