Taj Mahal (muzikant)
Appearance
Taj Mahal, berne as Henry St. Clair Fredericks yn New York op 17 maaie 1942 is in Amearikaanske blues muzikant.
Hy foarme yn 1966 ûnder oaren mei Ry Cooder de groep Rising Sons. Dy gearwurking levere in platekontrakt op mei Columbia Records. Yn 1968 makke hy dêr syn earste solo-album.
De blues foarmet de basis foar syn muzyk, mar ek oare streamingen lykas reggae, Cajun, gospel, Afrikaanske en Karibyske muzyk wurde troch him ferwurke yn syn komposysjes. Taj Mahal is in multy-ynstrumintalist.
Hy krige oant twa kear ta in Grammy foar it bêste blues-album.
In diel fan syn diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1968 - Taj Mahal
- 1968 - The Natch'l Blues
- 1969 - Giant Step/De Ole Folks At Home
- 1971 - The Real Thing
- 1971 - Happy Just To Be Like I Am
- 1972 - Recycling The Blues & Other Related Stuff
- 1974 - Mo' Roots
- 1983 - Take A Giant Step
- 1994 - Dancing The Blues
- 1997 - Señor Blues
- 2000 - Shoutin' In Key
- 2003 - Hanapepe Dream
- 2005 - Mkutano, mei Culture Musical Club of Zanzibar
- 2008 - Maestro