Susquehanna (rivier)
De Susquehanna is in rivier yn it noardeasten fan de Feriene Steaten fan Amearika. Neffens de kaart fan John Smith út 1612 hjitte de stream oarspronklik "Sasquesahanough". De rivier wurdt foarme út twa rivieren. De North Branch Susquehanna dy't ûntspringt yn de steat New York en faak beskôge wurdt as de ferlinging fan de eigentlike rivier. De koartere West Branch Susquehanna ûntspringt yn it westen fan Pennsylvania ûnder McGees Milles justjes bewesten Curwensvillemar en Curwensville. De rivieren komme by elkoar yn de omkriten fan Northumberland yn sintraal Pennsylvania.
De Susquehanna rint troch de steaten Maryland, Pennsylvania en New York en is mei syn lingte fan 715 km de langste rivier oan de eastkust fan Noard-Amearika en de op 15 nei langste rivier fan de Feriene Steaten. De rivier mûnet yn it noarden fan de Chesapeakebaai, dy't feitlik in fuortsetting fan de mesozoyske rivierdelling yn see (in ria) is.
Geologysk besjoen is de rivier dus tige âld; faak wurdt sy mei har sydrivieren beskôge as de op ien nei âldste yn de wrâld. [1] Lykas de Hudson, de Delaware en de Potomac, krigen streamgebiet en -delling har fêste foarm yn it Mesozoïkum. Teffens is it ien fan de meast fersmoarge rivieren yn de Feriene Steaten.
Under Harrisburg, de haadstad fan Pennsylvania, oerspant de Rockvillebrêge, de langste stiennen bôgebrêge fan de wrâld, de Susquehanna. Op dat plak leit it eilân Three Mile Island, mei de kearnsintrale Three Mile Island dêr't yn 1979 in slim ûngemak barde.
-
De Susquehanna yn it Susquehanna State Park yn Maryland
-
De Susquehanna yn Bradford County, Pennsylvania
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|