Potomac (rivier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Streamgebiet fan de Potmac
Hancock potomac river.jpg

De Potomac yn it easten fan de Feriene Steaten mûnet yn de Chesapeakebaai. De rivier is sa'n 665 km lang en hat in streamgebiet fan 38.000 km2. It is de fjirds grutste rivier oan de Atlantyske kust en de 21ste rivier nei grutte yn de Feriene Steaten. Yn it streamgebiet fan de Potomac wenje likernôch 5 miljoen minsken.

De Potomac is de súdlike grins fan de steat Maryland en Washington, D.C. op de linkerouwer en West Firginia en Firginia op de rjochterigge. De rivier ontstiet út de gearrin fan de North Branch Potomac en de South Branch Potomac. De noardlike tûke ûnstiet by Fairfax Stone yn de steat West Firginia op it plak dêr't de counties Grant, Tucker en Preston oan elkoar grinzje. De súdtûke begjint by Hightown yn de county Highland, yn Firginia. De twa rivieren komme by elkoar be-easten fan Green Spring yn de county Hampshire, West Firginia, dêr't sy tegearre de Potomac foarmje.

De meast wichtige stêd oan de rivier is Washington D.C.

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Potomac River en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.