Stefano Sposetti

Ut Wikipedy
Asteroide 2004 FH fleant deun by de ierde lâns yn maart 2004. Bylden makke troch Stefano Sposetti en bewurke troch Raoul Behrend fan it Sjeneefsk Observatoarium

Stefano Sposetti (22 desimber 1958) is in Switsersk amateur-astronoom. Hy wennet yn Gnosca, Switserlân. Sposetti makke foto's fan de Aten-asteroïde 2004 FH dy't tichteby (tichterby as de moanne) by de Ierde lâns fleach.

Sposetti hat tsientallen lytse planeten ûntdutsen tusken 1999 en 2007.

De asteroïde (22354) Sposetti waard nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: