Sniefink

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sniefink
Plectrophenax nivalis1.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Goarsfûgels (Emberizidae)
soarte
Plectrophenax nivalis
Plectrophenax nivalis

De Sniefink (Plectrophenax nivalis) is in fûgel út de famylje fan de Goarsfûgels. It is in fûgel fan it noarden dy't de toendra's brûkt om te brieden.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

In folwoeksen mantsje is hiel maklik te werkennen oan syn swartwite fearren. It duorret lykwols twa jier foar dat it wyt fan de jonge fûgels sa ljocht wurden is. Dan binne de fûgels wat bruner, krekt as de âldere mantsjes ek by't winterdeis binne.
It wyfke is ek wat bruner, mar hat ek wol in wite ûnderkant. De wjukken fan de Sniefink binne relatyf lang, de snaffel is lykwols koart. De Sniefinken binne sa'n 16.5 sm lang en wage tusken de 26 en 40 gram. Dêrmei binne se nei grutte te ferlykjen mei de Mosk.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Yn Jeropa binne de Sniefinken allinnich yn it noarden te finen. Sy briede yn de simmer op de toendra's fan Skandinaavje en ek yn Skotlân, meast boppe de beammegrins. Yn Yslân en ek yn it midden fan Noarwegen bliuwe se it hiele jier. By winterdeis lûke de fûgels nei it suden en binne dan by de Noardsee en Eastseekust te finen. Ek yn Nederlân binne se wolris yn lytse groepkes te sjen.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

It iten fan de Sniefink bestiet út lytse siedden en ynsekten.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

Yn maart begjint de briedtiid. Earst komt it mantsje op it briedplak om it territoarium mei syn sjongen ôf te beakenjen. At it dan lykwols somtiden wer snijt dan sammelje se harren wer yn lytse groepkes. It wyfke komt faak in pear wike letter.
It nêst leit meast tusken wat stiennen as yn rotsspleten en is makke fan plantestâlen, de beklaaiïng bestiet út hier en fearren. Meast wurde twa nêsten grutbrocht yn ien jier. It wyfke leit fjouwer oant seis aaien dy't yn sa'n 12-13 dagen útbret wurde.