Smit De Jouwer

Ut Wikipedy
ZWH-bus 75, Scania-Vabis/Smit Jouwer út 1964
LAB-bus 17, DAF/Smit De Jouwer, út 1968
Smit Orion touringcar yn Ukraïne
Smit Mercurius

Smit De Jouwer wie in bedriuw dat fan 1921 oant 1999 karrosseryen foar autobussen en oare bedriuwsweinen makke. Der hat nea in relaasje bestien mei de eardere busbouwer Smit Appingedam.

Histoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smit's Reau- en Weinmakkerij op De Jouwer waard oprjochte yn 1917 troch Jan Alexander Smit, dy't it fallite bedriuw fan syn heit oernaam. Yn it earstoan wie Smit foaral dwaande mei it bouwen en ferkeapjen fan houten boereweinen en bakfytsen. Yn 1921 waarden ek autokarrosseryen makke en troch de útwreiding mei in smidderij koene nei 1926 ek oplizzers en oanhingweinen boud wurde. Troch de hannel yn weintsjillen, in grutte byaktiviteit, rekke eigener Smit bekend as "Jan Tsjil".

It bedriuw wreide him geandewei út en hie yn 1937, doe't de namme feroare waard yn Smit's Wein en Karosseryfabryk, in soad klanten yn Fryslân en dêrbûten. Yn de Twadde Wrâldoarloch moast fan needs weromfallen wurde op de hannel yn net-motorisearre reau, lykas ta boereweinen ferboude frachtweinen, mar der waarden ek gasgenerators makke.

Nei de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de befrijing waard begûn mei it meitsjen fan ferhúsweinen, kabines foar frachtweinen (op sjassys fan ûnder mear Kromhout) en 'dental cars' (ridende toskedoktersprekkeamers). De earste "echte" autobus boude Smit yn 1948. Dit groeide út ta de wichtichste aktiviteit. Dêrneist waarden grutte oarders ûntfongen fan de Keninklike Lânmacht en de Keninklike Loftmacht, wêrtroch't in nije fabryk nedich wie, dy't yn 1951 iepene waard. Smit koe sûnttiids hieltiten gruttere oantallen buskarrosseryen bouwe, op alderlei sjassymerken, mar benammen Bedford en DAF.

De foarmjouwing ûntwikkele him bot yn de jierren fyftich. Doe ûntstiene de karakteristieke Smit-modellen mei nammen as Royal Coach en Victoria Coach. Troch in grutte oarder fan in Sweedske reisorganisaasje wie Smit ein fyftiger jierren de grutste eksporteur fan touringcars yn Nederlân. Dêrneist ha de Fryske streekferfierders LAB en ZWH altyd goede klanten west.

In grutte trochbrek kaam yn 1960 mei it type Eldorado, dat tsien jier yn produksje bleau en wêrfan de foarmjouwing mei grutte bûgde panoramyske sydruten, opsicht joegen. De Dútske fabrikant Gottlob Auwärter - produsint fan de mei soartgelikense ruten útfierde Neoplan-bussen - beskuldige Smit fan plagiaat, mar ferlear de rjochtsaak. Yn gearwurking mei ferskate fabrikanten, mar benammen DAF dy't meardere sjassystypen leverje koe, waarden mear as 650 Eldorado's boud.

Yn de jierren santich fierde Smit in fiergeande streamlining troch yn it produksjeproses, wêrby't hieltiten mear bussen yn searje boud waarden. De gearwurking mei DAF waard yntinsivearre, mar dêrneist waarden ek Magirus-Deutz bussen opboud. De opfolger fan de Eldorado, de Comfortliner, waard op syn beurt wer opfolge troch de Euroliner en de mei in ferhege karrossery útfierde Eurohiliner. In folslein nij model wie yn 1983 de Smit Orion Liner, dy't yn in soad útfierings en maten levere wurde koe, mei farianten as de Orion Highliner en de Mercurius.

Smit hie ek súkses mei de bou fan ridende winkels, earst op basis fan Citroën HY-technyk, letter ûnder oare de bekende SRV-weinen. Dêrfoar waard in nije fabrykshal boud.

Ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smit hie noch altiten in grut diel fan de touringcarmerk yn hannen, as fabrikant en as wrâldwide hanneler, mar om oerlibje te kinnen yn in feroarjende merk, wêrby't ek hieltiten hegere easken steld waarden oan it produksjeproses, waard oansluting socht by DAF Bus. Dat bedriuw kocht Smit Jouwer yn 1996 op, wêrnei't de lieding oernommen waard troch de VDL Groep, eigener fan DAF Bus. Koart neidat yn 1998 noch it nije model Smit Stratos yntrodusearre wie, waard de produksje oerbrocht nei de Berkhof-fêstigingen yn Valkenswaard en It Hearrenfean. Dizze lêste wie de opfolger fan karrosseryfabryk Hainje, dy't yn Fryslân altyd de grutste konkurrint fan Smit west hie. Dêrmei kaam yn 1999 in ein oan de aktiviteiten van Smit Jouwer.

FCB[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 2001 rjochte in tal âld-meiwurkers fan Smit it karrossery- en weinboubedriuw FCB (Friesland Coach Builders) op. Dit docht reparaasjes en ûnderhâldswurk, yn it earstoan benammen oan Smit-bussen, mar letter ek oan bussen fan oare produsinten. In doel wie ek om nije bussen te bouwen, mar troch it lytse budzjet kaam dat net fan de grûn.[1][2]

Museumbussen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

DAF B1100 Smit Eldorado út 1964 fan Kapitein yn Schagen

Omdat Smit oant fier yn de jierren njoggentich noch bussen boude, ride der noch altyd produkten fan dit fabryk. Trije echte oldtimers binne bewarre bleaun, alle trije fan it model Smit Eldorado

  • Yn de kolleksje fan it Nasjonaal Bus Museum yn Hoogezand stiet de eardere LAB-bus 17, in DAF B1300 út 1968.
  • Touringcarbedriuw Kapitein, letter automuseum, yn Schagen krijt in DAF B1100 út 1964.[3]* Touringcarbedrijf Bergerhof yn Mierlo bewarret in DAF MB200 út 1966.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Albert van Huizen: Bussen van Smit Joure. Tachtig jaar carrosseriebouw. Utjouwerij Aprilis, Zaltbommel, 2005. ISBN 90 5994 088 1
  1. Uit de as van Smit herrijst een bussenbouwer
  2. Friesland Coach Builders, Offisjele website
  3. Piet Kapitein en syn DAF-bus út 1964, YouTube