Springe nei ynhâld

Slach by Poitiers (732)

Ut Wikipedy
Slach by Poitiers

De slach by Poitiers, troch Carl von Steuben, tusken 1834 en 1837.
datum: 18 of 25 oktober 732
plak: Tusken Poitiers en Tours, Frankryk
útkomst: Oerwinning foar de Franken
konfliktpartijen
Franken en bûnsmaten Omajaden (Moaren)
befelhawwers
Karel Martel Abd el-Rahman
sterkte
20.000 oant 30.000 Alde Moslimboarnen: 80.000

Moderne skiedkundigen: 20.000 oant 30.000

ferliezen
1500? (net wis) Tûzenen (net bekend)

Yn de slach by Poitiers yn oktober 732 fersloech de Frankyske hofmeier Karel Martel in islamitysk leger fan emir Abd el Rahman. De útkomst fan dizze fjildslach brocht de ekspânsje nei it noarden fan de Islam út Spanje ta stilstân en wurdt assosjearre mei it begjin fan de reconquiste. De 19e-iuwske Britske histoarikus Edward Creasy rekkene de slach by Poitiers ûnder syn fyftjin meast beslissende fjildslaggen yn ‘e wrâld.

Minder as hûndert jier nei it ûntstean fan de Islam op it Arabysk Skiereilân en it ferstjerren fan de profeet Mohammed en de earste fjouwer kalifen, bedrigen de moslims yn Spanje ferskillende kearen de Frânske gebieten. Odo fan Akwitaanje hie harren yn 721 hjirút ferbannen mar yn 725 kamen se werom. Diskear wie hartoch Odo net yn steat harren opmars te stopjen. Twongen ta ûnderhanneljen joech Odo de hân fan syn dochter oan Othmar ien fan harren emirs. Dizze alliânsje mei ûnleauwigen makke de Frankyske hofmeier Karel dûm.

Yn 732 luts Abd er Rahman, gûverneur fan Spanje, oer de Pyreneeën, mooglik om de ûnrêst oan de noardgrins fan syn ryk te einigjen. Hy fersloech opnij Odo by Bordeaux, plundere dizze stêd, en luts fierder oant de Loire. In mooglike reden hjirfoar wie de katedraal fan Tours. Der wie in rabbel dat yn de katedraal in protte rykdom wie.

De lokaasje fan de slach is net bekend. De measte histoarisy nimme oan dat de Moarske troepen it leger fan Karel Martel moete by de gearfoeging fan de Clain en de Vienne tusken Tours en Poitiers. Yn de Angelsaksyske literatuer wurdt de slach meastal de Slach by Tours neamd.

Hofmeier Karel luts syn leger gear op in plak dêr’t er ferwachte dat it moslimleger lâns komme soe. Hy socht in definsive posysje út. Neffens de Mozarabyske kronyk stelde hy it leger op as in grut fjouwerkant. De earste seis dagen wiene der mar in pear lytse skermutselingen. Gjin fan beide partijen woe oanfalle. De Franken wienen goed klaaid op de kjeld en hienen it foardiel dat se it op bekend terrein wiene. Op dei nûmer san begûn de echte fjildslach.

Abd er Rahman fertroude op it numerike oerwicht fan syn kavalery en liet dizze meardere sjarzjes útfiere. It fertrouwen fan de moslims op harren numerike oerwicht en harren mei lange swurden bewapene kavalery, dy’t altyd soarge foar de oerwinning, wie dit kear mispleatst. De Frankyske soldaten hâlden harren grûn. Neffens Frankyske boarnen duorre de striid ien dei. Arabyske boarnen hawwe it oer twa dagen. Doe’t der flústere waard dat de Franken it guod wat út Bordeaux wei rôve wie bedrige wienen der in protte Arabyske soldaten dy’t it guod beskermje woene. Abd er Rahman woe se tsjinhâlde, mar waard finzen nommen en fermoarde. Doe’t de nacht foel luts it Arabyske leger him werom.

It Arabyske leger luts him werom oer de Pyreneeën. Karel suvere yn de rin fan de jierren it gebiet tusken Arles en Avignon. De slach by Poitiers wurdt tradisjoneel beskôge as in kearpunt yn de opmars fan de Islam yn Europa. De nederlaach betsjutte it begjin fan de delgong fan it Omajadyske Ryk. Foar it earst kaam der gjin oermastere guod binnen. De ekonomy fan it ryk stie lyk stil. De belestingen moasten omheech. Mei namme de berbers waarden stadich oan sêd fan de Omajjaden. Doe’t in part fan it leger yn de Magreb neistjoerd waard om Sisylje te oermasterjen folge dan ek de grutte Berberske opstân fan 739 oant 742. Ek op de Byzantynske grins waard yn de slach by Akroinon beskiedend ferlern fan Keizer Leo III yn 740. Yn 750 wie it dien mei it ryk nei de slach by de Zab.