Skagen (Denemark)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skagen
Skagen church.jpg
Sifers
Ynwennertal 8.515 (2011)
Oerflak 143 km²
Befolkingstichtens 60 / km²
Polityk
Lân Denemark
Regio Noard-Jutlân
Gemeente Frederikshaven
Oar
Tiidsône CET (UTC + 1)
Koördinaten
Webside www.skagen.dk
Skagen's fjoertoer oan it Kattegat
De "tilsandede kirke"

Skagen is it meast noardlike plak fan Denemark en leit oan de noardeastkust fan Jutlân. Yn 2007 waard de gemeente Skagen opnaam yn de gemeente Frederikshavn. De eardere gemeente Skagen hie op 1 jannewaris 2000 12.691 ynwenners en besloech 143 km2.

Noardlik fan Skagen komme de Noardsee (Skagerrak) en it Kattegat byelkoar by de lânpunt Grenen; de botsende weagen jouwe de see in rûch oansjen. Under Grenen stiet de fjoertoer fan Skagen, Skagen Fyr, dy't de heechste fan Denemark is.

Stedsbyld[bewurkje seksje | edit source]

Keunstners[bewurkje seksje | edit source]

It bysûndere ljocht en it pittoreske lânskip om Skagen hinne luts oan de ein fan de 19e ieu in tal keunstners oan, ûnder oaren de keunstskilders (Skagensmalerne) Peder Severin Krøyer, Michael Ancher en Anna Ancher, en de skriuwers Georg Brandes, Holger Drachmann en Henrik Pontoppidan.


Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]