Springe nei ynhâld

Sileenske ljip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sjileenske Ljip)
Sileenske ljip
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje wilsterfûgels (Charadriidae)
skaai ljippen (Vanellus)
soarte
Vanellus chilensis
Molina, 1782
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Sileenske ljip of Súdamerikaanske ljip (Vanellus chilensis) is in waadfûgel, dy't yn hiel Súd-Amearika foarkomt, útsein yn de Andes en it Amazônegebiet.

Dizze ljip hat in foarkar foar iepen gerslân en hat dan ek profitearre fan it útwreidzjen fan syn biotoop trochdat der yn dy kontreien hieltyd mear fee hâlden wurdt. Sûnt 1961 komt de fûgel ek foar op Trinidad en sûnt 1974 op Tobago.

Lykas de noardlike ljip, briedt de Sileenske ljip yn in simpel nêst, almeast op greide mar ek wol op farsk omploege lân. Wat fleankeunst en de wize fan it ferdriuwen fan rôvers oanbelanget liket er ek in soad op syn noardlik famyljelid.

In Sileenske ljip.

Bûten de briedtiid lûkt de Sileenske ljip nei wiete gebieten dêr't nachts yn grutte kloften om fretten, meast ynsekten, socht wurdt.

De Sileenske ljip is sa'n 31 oant 33 sm lang en waget ûngefear 295 gram. De boppekant is meast brún-griis mei in brûnzen glâns op de skouders. De grize kop falt noch it measte op mei in swarte foarholle en in swarte kiel dy't oergiet yn it ek swarte boarst. It swart wurdt begrinze troch in wite streek. De rest fan de ûnderkant is wyt, de sturt is wer swart. De eachring, poaten en snaffel binne meast roaseftich.

Geografysk komme nochal grutte ferskillen yn de tekening foar.