Sipke Lootsma

Ut Wikipedy

Sipke Lootsma (Reduzum, 9 jannewaris 1888 - Saandam, 15 maaie 1940) wie in histoarikus.

Hy wie in soan fan Rients Klazes Lootsma en Aaltje Westra. Hy wie troud mei Eelkje Talsma fan Reduzum.[1][2]

Sipke Lootsma waard yn 1913 ûnderwizer yn Saandam en letter learaar oan it lyseum. Hy wie in fûl tsjinstanner fan it faksisme. Teffens wie Lootsma deken fan de menniste gemeente dêre fan 1935 oant syn dea. [3]

Hy skreau oer de walfiskfeart (1937), de hannel fan Hylpen en in histoaryske stúdzje oer de Saanstreek (1950) en naam it inisjatyf ta it pleatsen fan in grêfstien fan Paulus Kley yn de Wergeaster Mar.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Zeildoekweverij te Krommenie (1928)
  • Bijdrage tot de Geschiedenis der Nederlandsche Walvischvaart, meer speciaal Zaansche (Wormerveer, 1937).
  • Het Nieuwe Huys 1687-1937, Friesch-Doopsgezinde Gemeente West-Zaandam - by it 250 jierrich bestean fan de gemeente (Saandam, 1937)
  • De zeevaart van Hindeloopen in de zeventiende en achttiende eeuw, 1940)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] www.heidsma.nl Genealogy
  2. D. Vis, De Zaanstreek, Leiden: Burgerdijk & Niermans / Templum Salomonis 1948, side 126-128.
  3. [2] Ensyklopedy Anabaptisten/Mennoniten