Paulus Kley

Ut Wikipedy
Grêfstien fan Kley

Paulus Jans Kley (1582 - 5 septimber 1655) wie in Amsterdamsk keapman. Hy liet tusken 1632 en 1637 de Wergeastermar drûchlizze.

Kley waard foar de ynpoldering fan de Wergeastermar ynspirearre troch de Beemster en de Schermer yn Hollân. Yn 1631 krige er tastimming fan de boeren fan Wurdum om de mar drûch te lizzen. Dochs moast der in kontrakt tekene wurde. Dêrnei krige Kley yn 1632 oktroai op de drûchlizzing fan de mar fan de tsjerkefâden fan it doarp. Hy frege it oktroai oan mei in grytman, in sekretaris fan Ljouwerteradiel en fiif Ljouwerter boargers. Kley brocht it grutste part fan it kapitaal yn, dat naam ek it grutste risiko.

Der waard wol krewearre tsjin it ynpolderjen, meidat yn de mar bêste fisk fongen waard.[1] Fiskers hawwe de ringdyk in pear kear trochstutsen, benaud at hja wiene foar it ferliezen fan harren breawinning.[2]

Yn 1633 waard útein set mei it drûchlizzen, mei help fan twa mûnen oan de eastkant. Yn 't earstoan wie it de bedoeling om noch twa markes drûch te lizzen, de Himpensermar en in marke fan 27 ha tusken Wergea en Warten, mar gie net troch.

It doel fan de inysjatyfnimmers wie beweiding fan it nije lân. De kwaliteit fan dat lân foel lykwols ôf, dat de ynkomsten ek. Kley hat noch wol besocht syn mei-finansjiers de skea te fergoedzjen, mar 1637 tsjinne er in fersyk ta frijstelling fan it beteljen fan oare steatsskulden yn fanwege jildferliezen.

Neist de drûchlizzing fan de Wergeastermar inysjearre Kley ek it yn 'e polder bringen fan in tal marren ûnder Starum. Yn 1641 wie er regint fan it spinhûs yn Amsterdam.[3]

Grêfmonumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paulus Kley hie mei syn broer Wilhelm in grêf yn it tsjerkje fan Aegum. Doe't dy tsjerke yn 1838 ôfbrutsen waard, waarden beide bruorren fannijs beïerdige by in pleats. Op 25 septimber 1939 is de sark fan Paulus oan it wetterskip oerdroegen en as monumint yn de polder fan de Wergeastermar lein.[4] It opskrift seit: "Hier rust de Kley de ziele leeft in vreugt o mensch vreest God opdat gij leven meugt. Paulus Jans Kley is gerust den 5 septembris anno 1655 oudt synde 73 iaeren." [5] It tinkteken is in Ryksmonumint mei nûmer 22879.[6] It is it iennige monumint ta oantins fan de drûchmakking fan de Fryske marren.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Heerma, A.L. (1937) "De inpoldering van de Wargaster meer en Paulus Jansz. Kley", De Vrije Fries 34, siden 104–121. Ljouwert: Frysk Genoatskip

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Louman, J.P.A. (2007) Fries waterstaatsbestuur: een geschiedenis van de waterbeheersing in Friesland vanaf het midden van de achttiende eeuw tot omstreeks 1970 Amsterdam: Vossiuspers UvA, p. 308
  2. Dykstra, J. (1989) "De Grote Wargaastermeer" in Karstkarel, P.; Mulder-Radetzky, R.L.P. (eds.) Open Monumenten in de dorpen ten zuiden van Leeuwarden. Ljouwert: Stichting Aed Levwerd
  3. Wagenaar, J. (1765) Amsterdam, in zyne opkomst, aanwas, geschiedenissen, voorregten, koophandel, gebouwen, kerkenstaat, schoolen, schutterye, gilden en regeeringe, fol. 2. Amsterdam: Isaak Tirion, s. 260
  4. Fries Genootschap (1937) Honderd en achtste verslag van de toestand en de handelingen van het Friesch Genootschap van Geschied-, Oudheid- en Taalkunde te Leeuwarden, s. 3
  5. Walle, H. de (2005) Friezen uit vroeger eeuwen: opschriften uit Friesland, 1280-1811 Frjentsjer: Van Wijnen, s. 21
  6. Monumentnummer: 22879 Monuminteregister. Amersfoart: Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed