Simon Schama

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Simon Schama, 2006

Simon Schama (Londen, 13 febrewaris 1945) is in Britske histoarikus.

Hy is in soan fan Arthur Osias en Gertrude Clare Steinberg. Hy studearre oan it Christ's College fan de Universiteit fan Cambridge dêr't er ek arbeide as assistint fan 1969 oant 1976. Doe ferfarde er nei de Universiteit fan Oxford, nei it Brasenose College dêr't er dosint moderne skiednis waard. Yn 1980 gie er nei Harvard yn de Feriene Steaten. In koart skoft letter krige er in plak oan de Columbia University.

Schama hat him spesjalisearre yn Europeeske skiednis, ekologyske skiednis en keunstskiednis.

Landscape and memory, A history of Britain en Power of Art waard troch himsels bewurke ta dokumintêrerigen foar de BBC.

Nederlânske oersettings[bewurkje seksje | edit source]

  • Overvloed en onbehagen; de Nederlandse cultuur in de Gouden Eeuw. Amsterdam: Contact, 1988.
  • Burgers; een kroniek van de Franse Revolutie. Amsterdam: Contact, 1989.
  • Patriotten en bevrijders: revolutie in de Noordelijke Nederlanden, 1780-1813. Amsterdam: Agon, 1989.
  • De ogen van Rembrandt. Amsterdam / Antwerpen: Contact. 1999.
  • De kracht van kunst. Amsterdam / Antwerpen: Contact, 2007. ISBN 978-90-254-1966-0
  • De Amerikaanse toekomst, een geschiedenis, 475 siden, Amsterdam / Antwerpen: Contact 2009. ISBN 978-90-254-2964-5

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]