Shakey Sam

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Simon Vlietstra, alias Shakey Sam, ( Frjentsjer?, 16 maaie 1950 - 15 maaie 1981 ), wie in Fryske bluessjonger en -gitarist. Neist syn one-man-band, hie Shakey Sam ek de Shakey Sam Blues Band, in fjouwerman formaasje.

Skreaun him yn 1972 yn foar it Larens Jazzfestival (3e priis) en yn datselde jier die er mei oan it Bilzenfestival. yn 1974 spilet er yn it foarprogramma fan it 'American Blues Legends-Konsert'. Datselde jier slút er him oan by de Amsterdamske formaasje Barrelhouse. Novimber 1974 nimt hy mei Barrelhouse in lp op, mar ferlit yn ’75 de groep om persoanlike redenen en foarmet de 'Shakey Sam Blues Band'. De earste besetting bestiet út: Shakey Sam, Apple Rammers, David Gardeur & Jan Dijkstra. Mei dizze line-up wurde ûnder oare konserten dien mei Big John Wrencher, Cousin Joe, Eddie ‘Guitar’ Burns. Yn 1976 wurdt Appie Rammers ferfongen troch Jan de Jong. Yn maaie folget dan de earste soloplaat fan Shakey Sam'. It wie de reden foar de útnoeging om in Ingelske tour te dwaan. Ein 1976 folgen live radio-optredens yn “Sesjun”. Yn 1977 ferfangt Leo Roodhof Jan Dijkstra en yn 1978 ferskynt wer in lp. Maart 1979 is de groep opnij te hearren yn Sesjun (tegearre mei Eddie Boyd). Der komt in drummerswikseling –der steane twa lp’s op steapel– en oer in single wurdt ûnderhannele. Op 15 maaie 1981 in dei foar syn 31e jierdei nimt Shakey Sam (Simon Vlietstra) in drastysk beslút en beëiniget dêrmei syn libben.

Yn de Frjentsjerter Koornbeurs is yn 2006 en 2011 in 'Shakey Sam Tribute festival' oer de ‘Frjentsjerter Old Shatterhand‘ organisearre.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels