Sein und Zeit

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Sein und Zeit (Wêze en Tiid) is it haadwurk fan de iere filosofy fan Martin Heidegger. It wurk ferskyn't yn 1927 en wurdt beskôge as syn "magnum opus". It iepene in nij tiidrek foar it filosofyske tinken, foaral yn de kontinintale filosofy.

Heidegger besiket in fenomenologyske ontology dy't net mear doelet op in nije formeel-ontologyske bepaling fan de wrâld, mar de wrâld fanút de minsklike eksistinsje formeel-oanwizend benei komme wol. De formele oanwizing kin beskôge wurde as de Heideggeriaanske 'metoade'. Wichtich derfoar is it artikulearjen fan de eksistinsje as in beslach krije fan wrâld, ynstee fan de foarstellingen en bepalingen en statyske 'objektivearjende' ferhâlding ta de wrâld troch in fan de wrâld isoleare 'subjekt'. Hjirmei makket Heidegger ûnder oaren in ein oan it teoretyske beërf fan de kantiaanske metafysika. De formele oanwizing bringt tiid oan it ljocht as de wêzenlike betsjutting fan it minsklike bestean. Dy einige minsklike eksistinsje wurdt troch Heidegger in 'der-wêze' (Dasein) neamd as in 'yn-de-wrâld-wêze' (In-der-Welt-sein).