Ontology

Ut Wikipedy

De ontology (fan it Gryksk ὀν = wêzende en λόγος = woord, lear) is de wêzenslear. Tradisjoneel is ontology in tûke fan de filosofy, binnen de metafysika. It beskriuwt de eigenskippen, of breder: it wêzen fan it gehiel fan dingen, "entiteiten" of ek wêzenden neamd, wêrfan oannomd wurdt dat se bestean of better: wêze. De klassike ontology besiket de fundamintele kategoryen derfan te ûnderskieden. Dêrom wurdt it soms ek wol 'kategoryteory' neamd, hoewol't 'ontology' wenstiger is.

Fan de klassike âldheid oant en mei de midsiuwen wienen metafysika en ontology folslein synonym oan elkoar. Met Christian von Wolff (1679-1754) begûnen yn de moderne tiid meardere ôfsplitsingen fan de algemiene metafysika te komme, te begjinnen mei (destiids) kosmology, psychology en ferskate apologetyske streamingen binnen de teology (hjirby moat lykwols wol oantekene wurde dat kosmology doe breder wie as wat der tsjintwurdich ûnder ferstien wurdt: yn it begripenkader fan de 17e en 18e iuw wie it alle kennis oer de wrâld, dus al it wrâldske, yn tsjinstelling fta bygelyks it godlike).

By empirysk ûndersyk wurdt de aard fan in ûndersyksobjekt ontologysk sjoen as:

Benammen de earste term is van belang omdat sûnder in ûnferoarlike struktuer eksperiminten op it objekt gjin sin hawwe. Yn it gefal fan feroarlike objekten wurdt de ûnferoarlike wetmjittichheid dêryn socht.

In ontology fundearret in teory oer de werklikheid en makket sa in sinfolle mjitting fan dy werklikheid mooglik. De mjittingen kinne wer liede ta refyzje fan de teory en sa ta nije mjittingen. Krises yn de wittenskip, lykas yn de kwantummeganika, wêrby't teory noch meting in selde antwurd jouwe, twinge in nije ontology ôf (sjoch ek Albert Einstein en Werner Heisenberg).

De ontology stiet yn wikselwurking mei de fenomenology en de epistemology. Fan it begryp ontology út de filosofy is letter it spesifike begryp ontology binnen de ynformatika ôflaat.

Ontologen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: