Martin Heidegger

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Martin Heidegger

Martin Heidegger (Meßkirch, 26 septimber 1889 - Freiburg, 26 maaie 1976) wie in Dútske filosoof. Hy wurdt beskôge as ien fan de grutste en wichtichste filosofen fan de tweintichste ieu. Syn haadwurk Sein und Zeit is wiidferneamd.

Oer him wurdt wakker net gelyk tocht: syn tige persoanlik taalgebrûk, syn eigensinnige ynterpretaasje fan benammen âld-Grykske teksten en syn koarte, mar wier wol, politike stipe oan de opkommende nasjonaalsosjalistyske beweging hawwe him by kritisy út de hoeke fan de analityske en marksistyske filosofy yn it kwea deiljocht set. Nettsjinsteande dat is syn tinken foar oare wiisgearen oant de dei fan hjoed wol in boarne fan stúdzje en ynspiraasje.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Martin Heidegger, Gesamtausgabe ferskynt by Vittorio Klostermann yn Frankfurt am Main.
  • Rüdiger Safranski, Heidegger en zijn tijd, 1995 (in oersetting fan Ein Meister aus Deutschland – Heidegger und seine Zeit, 1994). (mei biografy)
  • Martin Heidegger, Zijn en Tijd, oersetting fan Sein und Zeit troch M. Wildschut (1998)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]