Schiphol

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Schiphol
Terminal E

Schiphol, of Lofthaven Schiphol (yn it Ingelsk Schiphol Airport, Amsterdam Airport, Schiphol Airport Amsterdam of Amsterdam Airport Schiphol neamd), is de grutste Nederlânske lofthaven en ien fan de drokste lofthavens fan Europa. It leit yn de gemeente Haarlimmermar sa'n 15 kilometer besúdwesten fan Amsterdam.

Schiphol is de thúshaven fan de Nederlânske loftfeartmaatskippijen KLM, Martinair, ArkeFly, transavia.com en Amsterdam Airlines. Dêrneist is it ek de Europese hub fan Delta Air Lines en sûnt april 2011 de tredde hub fan priisfjochter Vueling. De lofthaven leit inkele meters ûnder seenivo en hat seis start- en lanningsbanen. Op it plak dêr't Schiphol no leit, hat earder it doarp Rijk lein. De namme "Schiphol" wurdt ek brûkt as plaknamme, krektas Schiphol-East en Schiphol-Rijk.

De lofthaven is eigendom fan de Schiphol Group (statutêre namme: "N.V. Luchthaven Schiphol"), mei as oandielhâlders de Nederlânske Steat, en de gemeenten Amsterdam en Rotterdam.