Steat fan de Nederlannen
Ut Wikipedy
De Steat fan de Nederlannen, yn it koart de Steat, is de juridyske term foar de oerheid fan it Keninkryk fan de Nederlannen en Nederlân as rjochtspersoan. De 'Steat fan de Nederlannen' slút ferdragen, hat besittingen, docht wurk, jout opdrachten en kin yn rjochtssaken optrede. De term komt in soad foar yn offisjele stikken.