Schipbeek

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rin fan de Ahauser Aa, Alstätter Aa, Buurserbeek en Schipbeek
De Schipbeek besuden Holten

De Schipbeek (Nedersaksysk: bêke) is in sydstream van de rivier de Isel yn Nederlân en Dútslân. It is in beek dy't rint troch it suden fan Twinte en it noarden fan de Achterhoek. De beek ûntspringt inkele kilometers besuden Ahaus, yn it distrikt Borken yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De beek draacht hjir de namme Aa, dêr't ek de namme Ahaus (Haus an der Aa, Hûs oan de Aa) fan ôflaat is. Om ûnderskied te meitsjen mei oare wetters mei de namme Aa, wurdt de beek folút ek wol Ahauser Aa neamd.

Dêrnei rint de beek lâns Ahaus, om Graes hinne en troch Alstätte (hjir Alstätter Aa neamd) om by Buurse de grins mei Nederlân te passearen. Fanôf de grins stiet de beek bekend as Buurserbeek. De beek rint ten suden fan Haaksbergen del en passeart by Rietmolen de grins tusken de provinsjes Oerisel en Gelderlân. Hjirby passeart de beek by Haaksbergen de Oostendorper wettermole, ek wol Grevemölle neamd. Dit is de âldste dûbele wettermole fan Nederlân (ynbedriuwstelling 1548). De hjoeddeiske mole is foar it meastepart út 1634, doe't de mole nei ferwoasting yn de Tachtichjierrige Oarloch werboud wie. De oaljemole waard dêrnei yn 1946 troch heech wetter nochris fernield, wêrnei't de gemeente Haaksbergen de mole kompleet werbouwe liet en restaureare. Sûnt 1988 is de mole wer folop yn it wurk.

Nei Haaksbergen stiet de beek bekend as Schipbeek. Súdeastlik fan Diepenheim rint de beek Oerisel wer binnen. By Markelo streamt de beek ûnder it Twintekanaal troch in grutte betonnen dûker. Yn gefal fan fierstente heech of fierstente leech wetter yn de Schipbeek, kin wetter yn it Twintekanaal streame, of der krekt úthelle wurde. Hjirnei streamt de Schipbeek ûnder Bathmen troch om by Dimter út te rinnen yn de Isel.

Yn de omjouwing fan Bathmen wurdt yn de maitiid elk jier de Schipbeeksurvival organisearre, in tocht mei hindernissen mei start en finish op it fuotbalterrein fan Bathmen.

In âld trajekt fan de Schipbeek tusken Holten, Bathmen en Dijkerhoek is bekend ûnder de namme Alde Schipbeek. Dizze bûcht by Holten nei it noardwesten ôf, om even ten easten fan Bathmen wer by de Schipbeek te kommen.

Fan syn oarsprong oant syn útmûning yn de Isel hat de beek in hichteferskil fan 23 meter.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Oant ûngefear 1400 streamde de Buurserbeek troch Haaksbergen, dêrnei waard de beek ferlein nei it suden en oansluten op de Schipbeek. Sa ûntstie in direkte ferbining nei de Isel en koenen de Hânzestêden Dimter, Swol, Kampen en Sutfen berikt wurde. De beek hie mei dêrtroch yn de 17e ieu in wichtige funksje. It hout foar de skippen fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy, dat út it Münsterlân wei oanfierd waard, waard fanút Alstätte, dêr 't de houtferkeapers en laadplak ynrjochte hienen, ferskippe nei Hollân. Heger stroomopwerts wie de beek faak net befarber. Ek foar oar hannelsguod, lykas liem út Stadtlohn, waard de beek brûkt foar ferfier út Dútslân wei nei Dimter en fierder en vice versa. De útmûning fan de Schipbeek yn de Isel foarme eartiids de haven fan Dimter. Nei de oanlis fan it Oeriselsk kanaal en nije havens waard de beek ferlein, sadat no de Isel berikt wurdt dêr't dizze kruset mei de snelwei A1.

Yn lettere tijden waard de Schipbeek ek brûkt foar it ferfier fan tekstyl út Twinte nei blekerijen yn Haarlim. Yn de rin fan de twadde helte fan de 19e ieu waard de skipfeart oer de Schipbeek troch de opkomst fan ferfier oer de wei en spoar hieltiten lytsskaliger.