Sassanidyske Ryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sassaniden)
It Perzyske ryk ûnder de Sassaniden yn 610.

It Sassanidyske Ryk wie in histoarysk Perzysk ryk dat regearre waard troch de dynasty fan 'e Sassaniden. Behalven oer it eigentlike Perzje (Iraan) hearsken hja yn in snuorje dy't duorre fan 'e 3e iuw oant healwei de 7e iuw ek oer Mesopotaamje, Syrje, Palestina, Egypte en dielen fan Sintraal-Aazje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It keningshûs fan de Sassaniden waard stifte troch Ardasjir I, neidat er yn 224 de lêste kening fan de Parten ferslein hie. In soan fan him, Sjapoer I, stie bekend as ien fan de grutste fijannen fan it Romeinske Ryk en waard troch harren beskôge as in gewelddiedige oermasterer.

Om 241 hinne, wie it Romeinske Ryk de dominante macht yn it Heine Easten en wienen de Perzen skatplichtich oan de Romeinen. Under Sjapoer kamen de Perzen yn opstân en foelen de Romeinske gebieten binnen. Sy oermasteren Syrje, Armeenje, en de stêden yn Mesopotaamje. De Romeinen koenen hjir mar in bytsje tsjinoer stelle. Allinnich keizer Falerianus I hie yn 260 sukses doe't er de Perzen út Syrje ferdriuwe koe. Syn sukses wie mar fan koarte doer, want troch in list foel er Sjapûr yn hannen.

De 65-jierrige keizer waard tige min behannele en lang om let terjochtsteld en as opsette trofee oeral tentoansteld. Hjirnei foelen hja Syrje opnij yn, mar waarden lykwols ferslein troch Kallistus Ballista, de prefekt dy't troch Gallienus, de soan en opfolger fan Falerianus oansteld wie. It weromtsjende Sassanidyske leger waard opnij en yn de rêch oanfallen troch Odaenatus, kening fan Palmyra, dy't de Sassanidyske Perzen ferdreau en Mesopotaamje wer oermastere.

De opfolgers fan Sjapoer hawwe noch faak, mei wikseljend sukses, oarloch fierd tsjin de Romeinen en harren opfolgers it Byzantynske Ryk. Dizze oarloggen soenen beide riken sadanich útputte, dat mei de opkomst fan de Arabieren de Sassaniden relatyf besjoen maklik ferslein wurden koene yn 637 yn de Slach by Kadisija.

De lêste kening fan it Sassanidyske Ryk wie Yazdegerd III (632–651), dy't in 14-jier duorjende kriich fierde tsjin it iere Islamityske Kalifaat.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]