San Marino (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
San Marino
Collage San Marino.jpg
Sifers
Ynwennertal 4493 (2003)
Oerflak 7,09 km²
Befolkingstichtens 633.71/ km²
Hichte 749 m
Polityk
Lân San Marino
Boargemaster Alessandro Barulli (sûnt 2003)
Oar
Stifting 3 septimber 301
Postkoade RSM-47890
Tiidsône CET (UTC+1)
*Simmertiid (DST) CEST (UTC+2)
Koördinaten
Webside Offisjeel webstee

San Marino Città is de haadstêd fan San Marino, in dwerchsteat fan alle kanten omjûn troch Itaalje. It stedsje leit yn de gemeente (castelli) Città di San Marino (lett: 'stêd'). Yn 2003 wennen der 4.493 minsken op in oerflak fan 7,09 km². San Marino leit op de skeanten fan de berch Monte Titano, ticht by de Adriatyske See.

It toerisme is yn de rin fan de tiid hieltyd wichtiger wurden foar de stêd. Trije miljoen minsken komme dêr elts jier te sjen, dêr't 85% fan Italjaan is. Oar ynkommen komt fan hannel, it ferkeapjen fan postsegels en de (delgeande) lytse agraryske yndustry.

De tradysje wol hawwe dat de stêd op 3 septimber 301 stifte is, doe't kristlike flechtlingen ûnder Marinus fan Rimini in delsetting op de Titano bouden. Under de Romeinske ferfolgingen kamen mear kristenen nei San Marino; de stedsteat San Marino waard de earste republyk fan Europa. Yn de 11e, 13e en 14e ieu waarden trije fersterke tuorren boud om de stêd te beskermjen tsjin oanfallen fan bûten.

Gemeentlike yndieling fan de republyk San Marino