Sakoku
Sakoku (Japansk: 鎖国, letterlik "lân yn de keatlingen" of "lân op slot") wie de bûtenlânske polityk fan Japan yn it tiidrek 1642-1853, dêr't gjin ien bûtenlanner it lân yn komme mocht en Japanners it lân net út. Dizze polityk kaam ta stân troch de ynfloedrike Tokugawa dynasty ûnder lieding fan Tokugawa Iemitsu en bleau yn stân oant de komst fan kaptein Matthew Perry út de Feriene Steaten dy't soarge foar de iepenbrekking fan Japan.
Yn it tiidrek fan de Sakoku wie Japan lykwols net folslein isolearre. Under tige strikte kondysjes wiene hiel beheind kommersjele relaasjes mei it bûtenlân mooglik, mar wol ûnder strikt tafersjoch fan de Shogun. De Nederlanners op it eilân Desjima spilen dêrby in wichtige rol.
[bewurkje seksje] Ein fan it isolemint
Op 8 july, 1853, arriveare yn Japan kaptein Matthew Perry fan de U.S. Navy mei fjouwer oarlochsskippen en easke fan de Japanners harren doarren iepen te setten foar de hannel mei it Westen. It folgjende jier (1854), kearde Perry werom mei sân skippen en twong de Shogun om in ferdrach te tekenjen, de "Treaty of Peace and Amity", dy't diplomatike relaasjes tusken Japen en de Feriene Steaten mooglik makken.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Hall, John Wesley, Tanuma Okitsugu: Foreruner of Modern Japan. Cambridge: Harvard University Press, 1955.