Springe nei ynhâld

Sacra di San Michele

Ut Wikipedy
Hillichdom fan de hillige Michael

Sacra di San Michele

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Piëmont
provinsje Turyn
gemeente Sant'Ambrogio di Torino
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 11e-12e iuw
offisjele webside
Side kleaster

De Sacra di San Michele (Hillichdom fan de hillige Michael) wie in benediktynske abdij yn it Val di Susa yn de Noard-Italjaanske regio Piëmont. Tsjintwurdich wenje yn it kleaster bruorren fan rosminiaanske oarde.

It kleaster leit op Monte Pirchiriano oan de eastlike útgong fan it Val di Susa tusken de plakken Sant’Ambrogio di Torino en Chiusa di San Michele, likernôch 35 km. westlik fan Turyn. Mei de opfallende lokaasje en boarcheftige bouwize dogge it kleaster en de tsjerke tinken oan oare midsiuwske Michaeltsjerken en -kleasters, lykas bygelyks Mont Saint Michel yn Normandje of St. Michael's Mount yn Cornwall.

Nei't de top fan de berch al troch de Ligueren en letter de Kelten fersterke waard, brûkten de Romeinen, dy't fan de Kottyske Alpen ien fan harren Alpenprovinsjes makken, fanôf 63 nei Kristus it plak as militêr terrein. Yn de iere midsiuwen foel it gebiet ûnder de Longobarden oant yn 773 de Franken it feroveren. Yn de tiid fan de islamityske ynfallen sloegen fanôf 888 ek de Sarasenen yn de westlike Alpen foar master op.

Kleasterruïne

Oer de earste jierren fan de abdij is net in soad bekend. It âldst bekende ferhaal is dat in muonts mei de namme Willem hjir oan de ein fan de 11e iuw wenne en de kronyk Sancti Michaelis de Clusa skreau. Neffens him waard de abdij yn 966 stifte, mar yn in oar diel fan syn wurk wol deselde muonts ha dat de bou útein sette ûnder it pontifikaat fan Silvester II (999-1003).

Wat wis is, is dat de hjoeddeiske krypte boud waard yn it lêste diel fan de 10e iuw. Neffens de tradysje waard de krypte boud troch de hearremyt Giovanni Vincenzo, dy't dat op oantrunen fan de aartsingel Michael dien hawwe soe, oan wa't er bysûnder tawijd wie. It boumateriaal dy't de hermyt brûkte soe op in wûndere wize nei de top fan de berch brocht wêze. Foar in lytse mienskip fan muontsen en guon pylgers waard doe in beskieden tsjerkje boud.

De abdij ûntjoech him letter ûnder de Benediktynske oarde mei de bou fan in apart gebou mei gastferbliuwen foar pylgers, dy't de populêre Via Francigena nei Rome folgen, en in kleastertsjerke (1015–1035), mooglik oer de resten fan it âlde romeinske castrum. Abt Ermengardo (1099–1131) liet in 26 meter hege sokkel bouwe fan de foet fan de rots oant de pyk, dêr't de hjoeddeiske tsjerke en de omlizzende gebouwen op boud waarden.

It kleaster rekke op it lêst yn ferfal oant it yn 1622 troch paus Gregorius XV sletten waard. Nei twa iuwen ferfal waard it kleaster yn 1836 op ynisjatyf fan kening Carlo Alberto ûnder paus Gregorius XVI oan de rosminianen oerdroegen. Sûnt libbet en wurket dy kongregaasje yn it kleaster.

Yn de jûn fan 24 jannewaris 2018 rekke in diel fan it dak fan it kleaster mooglik troch koartsluting yn 'e brân. De brânwar slagge der yn it fjoer te behearskjen en de skea te beheinen. By de brân waard nimmen ferwûne.

Tsjerke en Scalone dei Morti

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Scalone dei Morti

De tsjerke stiet boppe in steile rots en behearsket it lânskip boppe de delte. Nei de tsjerke rint in brede treppen, de Scalone dei Morti ("Trep fan de Deaden"), flankearre mei bôgen en nissen. Yn de sintrale nis leine en stiene oant 1936 de skeletten fan in tal deade muontsen, dy't de trep de namme joegen. De grutte hal wie ienris yn gebrûk om de abten en lju fan kwizekwânsje by te setten yn tombes. Fan dy tombes binne fiif bewarre bleaun. Oan de ein fan de 243 treden is de moarmeren Porta dello Zodiaco (1128-1130), in masterwurk fan 12e-iuwske byldhoukeunst mei ryk fersierde kapitelen.

De tagong ta de tsjerke sels giet troch in romaansk portaal fan grize en griene stien, boud yn it begjin fan de 11e iuw. De tsjerke hat in haadskip en twa sydskepen en fertsjintwurdiget romaanske en goatyske arsjitektuer. Op de lofter muorre is in grut fresko te sjen fan de Ferkundiging (1505), wylst yn it âlde koer in retabel stiet fan Defendente Ferrari.

Under it kompleks falle ek de resten fan it 12e oant 15e iuwske kleaster, dat út fiif ferdjippings bestie en einiget mei de Torre della Bell'Alda ("Toer fan de kreaze Alda"). Troch oarlogen, ierdskoddings en ferwaarloazing rekken de gebouwen yn ferfal.

It kleaster is sûnt 1994 it symboal fan de regio Piëmond. Foar de film In the Name of the Rose fan Umberto Eco's roman mei deselde titel tsjinne de Sacra di San Michele as dekôr dêr't it ferhaal him ôfspilet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Sacra di San Michele