Ryksdei (Sweden)
De Ryksdei fan Sweden (Sweedsk: Sveriges riksdag) is de nasjonale wetjouwende macht fan Sweden. Sûnt 1976 bestiet de Ryksdei út ien keamer mei 349 leden (riksdagsledamöter) dy't, sûnt 1994, om de fjouwer jier ferkeazen wurde.[1]
De funksje fan de Ryksdei is fêstlein yn de konstitúsje ûnder de Wet op de regearfoarm (Regeringsformen) fan 1974.[2] Ien fan syn wichtichste taken is om oer wetten te beslissen.[3]
It parlemintsgebou (Riksdagshuset) stiet yn it sintrum fan Stokholm, de haadstêd fan it lân. De lêste ferkiezings fûnen plak op 14 septimber 2014.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan de hjoeddeistige Ryksdei leit yn 1435, doe't yn it stedsje Arboga in gearkomste holden waard om inkelde saken te bepraten dy't foar it hiele lân fan belang wiene. Dizze gearkomste wurdt dêrom ek wol it earste parlemint fan Sweden neamd. Dochs liet Kening Gustaaf I pas yn 1527 fertsjintwurdigers fan alle fjouwer stannen (de eallju, de geastliken, de boargerij en eigenierden) meiprate. It wurd "Ryksdei" waard yn de 1540-er jierren foar it earst brûkt.
Yn 1865 waard it parlemint fan de fjouwer stannen opheft en ferfongen troch in twakeamerstelsel. De leden fan de Earste Keamer (Första kammaren) waarden troch de provinsjerieden en de gemeentebestjoeren fan gruttere stêden ferkeazen. Allinnich manlju wiene ferkiesber, ôfhinklik fan âldens, ynkommen en fermogen. Ek foar de Twadde Keamer (Andra kammaren) wiene allinnich manlju ferkiesber, en om stimme te meien moast men ûnreplik guod yn besit ha of ynkomstebelesting betelje. Yn 1909 krigen alle manlju kiesrjocht en sûnt 1919 kinne froulju ek stimme.
It twakeamerstelsel moast yn 1971 romte meitsje foar in ienkeamerstelsel mei 350 leden. By de ferkiezings fan 1973 wie de útslach lykwols sa dat sawol de sosjalisten as de net-sosjalisten 175 sitten krigen, mei as gefolch dat der somtiden lotte wurde moast om ta in beslút te kommen. Om dy reden is it tal sitten yn 1976 oanpast nei 349.[4]
Kearntaken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wetjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan de wichtichste taken fan de Ryksdei is de wetjouwing. Wetsfoarstellen wurde oer it algemien troch it regear yntsjinne, mar leden fan de Ryksdei hawwe dêr sels ek de mooglikheid ta yn de foarm fan in moasje. Alle wetsfoarstellen wurde earst troch in kommisje behannele foar't de Ryksdei der oer stimt. In mearderheid foar in wetsfoarstel is nedich om him oan te nimmen. De Ryksdei ynformearret it regear oer it beslút, wêrnei't dy de nije wet publisearret en tafersjoch hâldt op de útfiering derfan.[3]
Ryksbegrutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ryksdei is ferantwurdlik foar it opmeitsjen fan de ryksbegrutting. It wurk begjint yn april wannear't it regear syn earste foarstel yntsjinnet foar it ekonomyske belied. Yn septimber komt it regear mei in twadde foarstel, diskear mei de folsleine ryksbegrutting. Yn de begrutting wurdt oanjûn hoefolle jild oft der binnen komt en wêr't it jild oan útjûn wurdt. De Ryksdei nimt oer it foarstel in beslút, wêrnei't it regear syn plannen útfiere kin.[3]
Kontrôle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op ferskate wizen kin de Ryksdei it funksjonearjen fan it regear en oerheidsynstânsjes beoardielje. Leden fan de Ryksdei hawwe de mooglikheid om fragen te stellen oan it regear. In grûnwetkommisje kontrolearret oft it regear him oan de wetten hâldt. De Ryksdei kin, as hy gjin betrouwen mear yn in minister of de premier hat, in moasje fan wantrouwen yntsjinje. Boargers kinne by in ombudsman te plak as hja harren earne net yn fine kine. In rekkenkeamer hâldt tafersjoch op de oerheidsútjeften.[3]
Bûtenlânbelied
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noch in kearntaak fan de Ryksdei is it útwurkjen fan in bûtenlânbelied. Hy docht dit yn gearspraak mei it regear en de Advysried fan Bûtenlânske Saken. Beliedsmêden dy't ûnder de ferantwurdlikens fan de Ryksdei falle binne bygelyks de dielnimming fan Sweden oan fredesmisjes en de útjeften oan ûntwikkelingsgearwurking.[3]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|