Eigenierde
Ut Wikipedy
In eigenierde wie yn de Midsieuwen en nije tiid in boer dy't syn grûn yn eigendom hie.
In eigenierde boer wie in frije boer dy't syn pleats en lân sûnder tuskenkomst fan in lienhear bewurkje koe. Eigenierde boeren dy't in eigen hynder en stek- of slachwapens hienen waarden bûten Fryslân wearboeren neamd.
Benammen yn de steatsynrjochting fan Drinte spilen eigenierden in grutte rol. Yn in oantal gefallen hienen dy ek it rjocht fan kollaasje. Dat joech it rjocht in dûmny te beneamen.
Sjoch ek [bewurkje seksje]
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |