Springe nei ynhâld

Rudolphus Ritzema

Ut Wikipedy

Rudolphus Ritzema (Kollum, 1739 - Starcross (Devon), maaie 1803) wie in Amerikaansk offisier yn de Amerikaanske Unôfhinklikenskriich, dy't letter de oare kant keas en luitenant-kolonel yn in Britsk rezjimint waard.

Hy wie in soan fan dûmny Jehannes Ritzema en Hiltsje Dykstra út Kollum. De húshâlding ferfear yn 1744 nei Amearika. Ritzema gie nei Kings College yn New York, dêr't er yn july 1758 ien fan de earsten wie dy't ôfstudearren. Dêrnei gie er werom nei Nederlân om teology te studearjen, mar dêr hie er dochs gjin niget oan en hy naam tsjinst yn it Prusysk leger en nei alle gedachten hat er meifjochte yn de Sânjierrige Oarloch. Dêrnei gie er werom nei New York, dêr't er rjochten studearre en letter jurist waard.[1]

Doe't de revolúsje yn 1775 útbriek, waard er lid fan it Komitee fan Sechtich en it Komitee fan Hûndert yn New York City.

Op 30 juny 1775 waard Ritzema beneamd ta luitenant kolonel fan it 1e New York-rezjimint. Yn july ferovere er Britske wapens yn New York City. Op 28 novimber 1775 waard er yn it plak fan Alexander McDougall kolonel fan it 3e New York-rezjimint op foarspraak fan generaal Richard Montgomery. Hy die mei yn de Slach fan Kebek.

Ritzema syn rezjimint waard dêrnei hjitten om New York te ferdigenjen, en waard ûnderdiel fan Lord Stirling syn brigade. Neffens notysjes fan Stirling, wie Ritzema sleau yn it bewarjen fan oarder en disipline yn syn rezjimint, dat sadwaande twa oeren te let wie foar in parade op 1 july 1776. Stirling rapportearre Ritzema, dy't dêr net al te respektfol op reagearre skynt te hawwen. Hy moast foar de kriichrie ferskine, mar waard frijsprutsen doe't Stirling besleat de saak troch de fingers te sjen. It liket der op dat beide mannen ek letter net meiïoar akkordearren, want yn novimber 1776, miskyn yn as nei Slach fan White Plains, desertearre Ritzema en gie oer nei it Britske leger.[2][3] As luitenant-kolonel yn it Britske leger stichte er maaie 1778 in pear kompanjyen fan in organisaasje mei de namme Royal American Reformers. Dy kompanjyen waarden yn desimber fan dat jier as demobilisearre as earne oars by yndield, en Ritzema waard op heal soldij set.[4]

Hy stoar maaie 1803 yn Starcross, Devon, Ingelân. hy hie fjouwer bern.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. History of New York during the revolutionary war
  2. William Alexander, Lord Stirling
  3. Two hundredth anniversary of the Old Dutch Church of Sleepy Hollow
  4. American Loyalist Troops
  5. Columbia University Quarterly
  • Heitman, Francis B., Historical Register of Officers of the Continental Army during the War of the Revolution. New, efnlarged, and revised edition., Washington, D.C.: Rare Book Shop Publishing Company, 1914
  • Journal of Colonel Rudolphus Ritzema
  • Bell, Ian C, Rudolphus Ritzema-A Re-appraisal of the life of a Traitor, http://www.rudolphusritzema.yolasite.com