Ring fan Brodgar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ring fan Bodar

De Ring fan Brodgar, ek wol de Ring fan Brogar neamd, lizzend op Mainland (Orkney), heart mei Skara Brae, de Stones of Stenness en Maeshowe ta it Neolityske hert fan Orkney, dat sûnt 1999 troch UNESCO oan de Wrâlderfgoedlist taheakke is.

De seremoanjele ring en stiensirkel wurdt datearre tsuken 2500 en 2000 foar Kristus en leit tusken it Loch of Stenness en it Loch of Harray. Fan de oarsproonklike sechtich stiennen binne noch mar 36 oer. De stiennen binne net fersierd, op fiif noarse runen en in krús nei. De runen foarmje in kryptogram met de soad foarkommende namme Bjorn.

Om de sirkel leit in grêft, dy't oarspronklik 3 meter djip west hawwe moat. Yn de neite fan de henge stiet de Comet Stone.

[bewurkje seksje] Folkloare

Der binne sêgen bekend dy't ferhelje oer de dûnsjende reus dy't by it lemieren fan de dei yn stienen feroaren. De lossteande Comet Stone soe de fluitspiler west hawwe.

[bewurkje seksje] Behear

De Ring fan Brodgar wurdt beheard troch Historic Scotland.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Ring of Brodgar en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.



Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen