Premier League

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Premier Leauge is de heechste Ingelske fuotbalkompetysje. De kompetysje is ien fan de bêste en meast oantreklike fan de wrâld. Ek de Skotske heechste ôfdieling hjit offisjeel de Premier League, mar wurdt meastentiids, om betizing te foarkommen, de Skotske Premier League neamd.

De Ingelske Premier League bestiet sa't der no is, sûnt it seizoen 1992/93. Dêrfoar bestie sûnt 1888 al de Football League, mei de First Division as heechste ôfdieling. Yn 1992 besletten de tweintich bêste ploegen fan de Football League om in nije, kommersjeel oantreklike Premier League op te rjochtsjen. Der bestiet noch wol promoasje en degradaasje tusken de Premier League en de Football League. De lêtste trije klubs fan de Premier League degradearje nei de Football League Championship en wurde ferfongen troch de nûmers ien en twa, en de winner fan de play-offs fan dy divyzje. De ploegen dy't einigje op de plakken trije oant'e mei seis spylje dizze play-offs.