Prûmtabak

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ingelske prûmtabak
In prûm
Paneel Tabaksfabriek Drachten.jpg

Prûmtabak is rûchsniene tabak, dy't net smookt wurdt, mar kôge of sobbe (prûmke). Nei in skoft wurdt de tabak útspuid. Somtiids wurdt dêr in spesjaal bakje foar brûkt, in kwispeldoar. Guonts sjogge prûmtabak as in alternatyf foar it smoken fan tabak, mar it kôgjen op prûmtabak kin kanker yn de mûle jaan en ek alle oare skealike stoffen út de tabak komme yn it lichem te lâne. Somtiids wurdt prûmtabak tapast troch guonts dy't fan it smoken ôf wolle, it is dan in alternatyf foar nikotineplasters en nikotinekaugom.

Prûmtabak is yn ferskillende smaken te krijen: drop-, hunning-en krinte- smaak.

Yn Drachten[bewurkje seksje | edit source]

Eartiids waard yn Drachten, oant oktober 1989, de ferneamde healswiere 'Drachtster Kei'-prûmtabak makke troch tabaksfabryk Van der Meulen. Foar 1970 (Fokke van der Meulen fan de 'Erven van der Meulen' : "Wij steane der fersteld fan, dat der noch safolle prûmke wurdt") foarmen de tabaksferwurkjende bedriuwen, mei de skipswerven en Philips de wichtichste yndustry yn Drachten. Firma S. S. Osinga en J. B. van der Meulen, alle trije yn Drachten, produsearren ek prûmtabak. Fierders hie Fryslân noch prûmkers fan de merken De Bijekoer, O. Zoveele's Pruim en Goudbloem.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: