Polykarpus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Polykarpus

Polykarpus69 - Smyrna, ± 156) wie biskop fan Smyrna en wurdt rekkene ta de Apostolyske heiten, de minsken dy't learlingen west hawwe fan de Apostelen. Oer syn libbensrin is net folle bekend. Hy stoar as martelder en troch de Roomsk-Katolike Tsjerke is er hillich ferklearre en wurdt syn feestdei fierd op 23 febrewaris.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Polyarpus krige ûnderrjocht fan de apostel Jehannes en om-ende-by 100 waard er as biskop fan Smyrna oansteld. Irenaeus fan Lyon, dy't beskôge wurdt as de earste kristlike teolooch, soe him noch meimakke hawwe yn syn jeugd. Neffens Irenaeus joech er ûnderrjocht yn de suvere lear, dat wol sizze sa as de apostelen dat te hearren krige hienen fan Jezus sels.

Passio[bewurkje seksje | edit source]

Oer it martelderskip fan Polykarpus bestiet in wûnderbaarlike leginde, de Passio fan Polykarpus. Neffens dat ferhaal hie de biskop him ferstoppe krekt bûten Smyrna en bleau dêr om syn bruorren en susters te helpen. Nei ferrin fan tiid waard er lykwols finzen nommen en nei de arena yn de stêd brocht. Dêr wegere hy om de godlikheid fan de keizer te erkennen omdat er syn leauwen net ôfswarre woe. Hy waard ta de dea feroardiele en omdat der gjin wilde bisten mear wienen woene sy him libjend ferbaarne. Doe barde der in wûnder want hy gong net dea omdat it fjoer him net fertarre koe. Dêrop waard er ûnthaze. Syn skonken waarden letter troch kristenen byinoar sammele om as relikwy te bewarjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]