Poltava

Ut Wikipedy
Poltava
Lizzing fan Poltava yn de oblast Poltava yn Oekraïne
Flagge Wapen
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast Poltava
Plak Poltava
Sifers
Ynwennertal 288.324 (01.01.2019)
Oerflak 103 km²
Befolkingstichtens 2.799 / km²
Hichte 156 m
Oar
Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Webside rada-poltava.gov.ua

Poltava (Oekraynsk: Полтава) is in stêd yn it noardeastlik diel fan de Oekraïne. Yn 2019 hie de stêd in ynwennertal fan 288.324. It is it bestjoerlik sintrum fan de oblast Poltava. De stêd leit tusken Charkov en Kiëv oan de rivier de Vorskla.

Betinkingsmonumint

Unbekend is wannear't de stêd stifte is; foar 1174 binne der gjin ferwizings nei Poltava. Dochs hat de gemeente yn 1999 it 1100 jierrich jubileum fan de stêd fierd. Argeologen hawwe yn de stedsgrinzen resten út de âlde stientiid en fan de Skyten fûn.

De stêd stiet bekend om de Slach by Poltava (1709), wêrby't Peter de Grutte de Sweedske kening Karel XII fersloech. Dy fjildslach markearre de ein fan Sweden as grutmacht en it begjin fan it tsaristyske Ruslân as liedende naasje fan noardeastlik Europa. De smei-izeren pylder (1805) yn it sintrum fan de stêd betinkt de slach. De 18 kanonnen oan de foet fan de pylder binne Sweedske kanonnen, dy't by de slach bútmakke binne.

Oant de Twadde Wrâldkriich hie de stêd in grutte joadske mienskip, dy't hast 10% fan it ynwennertal fan de stêd útmakke. Fan de joaden dy't net flechten foar de nazy's waarden de measten yn twa moardaksjes yn septimber en novimber 1941 troch in Einsatzgruppe ombrocht en yn massagrêven yn de omjouwing fan de stêd begroeven.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]