Pjotr Anjou

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pjotr Anjou

Pjotr Fjodorovitsj Anjou (15 febrewaris 1796 - 12 oktober 1869) wie in Russyske Arktysk ûntdekkingsreizger en admiraal.

As luitenant waard er hjitten om de kust fan Sibearje te ferkennen en te beskriuwen (1820). Hy en syn assistinten (P.Ilyin, Ilja Berezjnitsj, en A.Figoerin) beskreaunen de kustline en de eilannen tusken de mûning fan de rivieren Olenek en Indigirka en makken in kaart fan de Nij Sibearyske Eilannen.

Yn 1825-1826 wie Anjou belutsen by de beskriuwing fan de noardkust fan de Kaspyske See en de noardeastkust fan it Aralmar. Hy ûnderskiede him as luitenant op it slachskip 'Gangoet' yn de Slach van Navarino.

Letter wie er hjir en dêr kommandant en tsjinne ek by administrative- en wittenskiplike ûnderdielen fan de Russyske Admiraliteit. Ien fan de eilannegroepen yn de Nij Sibearyske Eilannen hat syn namme krigen (de Anjou-eilannen).

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: