Pieter Barteld Kooi

Ut Wikipedy

Pieter Barteld Kooi, (Middelstum, 24 jannewaris 1943 - Winsum, 13 septimber 2020)[1] wie in archeolooch.

Kooi studearre biology en prehistoarje oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1979 promovearre er op Pre-Roman urnfields in the north of the Netherlands. Sûnt 1976 wie er ferbûn oan it Biologysk-Archeologysk Ynstitút. Fan 1983 oant 1986 wie er detasjearre by it Drintsk Museum, dêr't er lieding joech oan de archeologyske ôfdieling.

Fan 1977 - 1996 late er de grutskalige opgravings yn Peelo, dêr't delsettings út de Izertiid, Romeinske tiid en Midsiuwen foar it ljocht kamen. Fierders die hy archeologysk ûndersyk nei grêven en delsettings yn Havelte, Buinen, Noard-Barge, Dalen en Borger. Dêrneist publisearre Kooi oer grêven út de izertiid en hoefizerfoarmige grûnspoaren (De orkaan van 13 november 1972 en het ontstaan van "hoefijzervormige" grondsporen, Helinium 14, 57-65). Hy wie lid fan de Wurkgroep Hunebêden (1983-1987) en redakteur fan de Nieuwe Drentse Volksalmanak (1985-1987) en de Drentse Historische Reeks (1983-1989).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Rouadvertinsje Pieter Barteld Kooi, Dagblad van het Noorden